Jan Knilles Femmes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L red kat
Rigel 1:
'''Jan Knilles Femmes''' wie in boer dy't fan [[1610]] - [[1611]] in jier lang op it ûnbewenne [[Kampersân]], ek wol Bosksân neamd, libbe hat fanwege in weddenskip. De sânplaat leit tusken [[Skylge]] en [[It Amelân]] en hjit tsjintwurdich [[Boskplaat]], in ûnderdiel fan [[Skylge]].
 
===Weddenskip ===
De weddenskip waard ôfsluten mei Thomas Thomassoan en beide manlju kamen wierskynlik fan [[It Bilt]]. As Jan de weddenskip wûn, soed er djoer lânbou-ark en in soad fetten bier of in fergelykber bedrach oan jild fertsjinje. Yn it oare gefal soe hy itselde oan Thomas jaan moatte.
 
Mei wat famylje en kunde begjint Jan Knilles op [[13 juny]] [[1610]] mei it bouwen fan in húske op peallen. Soks foel net ta om op in sânplaat peallen yn te graven. De hichte fan de flier kin mei in fizel, krektas by in heakape heger of leger draaid wurde. As soks slagget en de help wer ôfsetten is, bliuwt boer Jan allinnich efter.
 
Deputearre Steaten hienen lykwols argewaasje fan syn bouwerij krigen en fûnen it bouwurk in gefaar foar de skipfeart. Skippers soenen it bouwurk foar in beaken oansjen kinne. De 'Hoogh Mooghende Heeren' woenen it húske ôfbrekke litte, mar troch in soad protesten is dat net trochgien.
Rigel 10:
Stoarmen en springfloeden, mist en kjeld makken it bliuwen yn it húske lykwols in noedlik aventoer. Yn de maaitiid komme der wol wat toeristen te sjen en wat robbejagers mar fierder is in in iensum aventoer. Jan bliuwt yn libben troch fisk en ek wolris in fûgel te iten. As op 13 juny 1611 it jier om is wurdt Jan mei grut ûnthaal yn Fryslân ûntfongen en waard de priis fan de weddenskip oan him útrikt.
 
It ferhaal fan [[Robinson Crusoe]] op in ûnbewenne eilân soe letter wrâldferneamd wurd.
 
===Boarne ===
Rigel 16:
 
[[Kategory:Frysk persoan]]
[[Kategory:Folksferhaal]]
[[Kategory:Skylge]]