Gerrit Roorda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerrit Roorda (1890-1977).jpg|thumb|''Gerrit Roorda'']]
'''Gerrit Roorda''' ([[De Tynje]], [[4 septimber]] [[1890]] - De Tynje, [[9 febrewaris]] [[1977]]) wie in Fryske[[Fryslân|Frysk]] [[kommunisme|kommunistyske]] politikus en in polityk aktivist. Nei in earder houlik yn de [[Feriene Steaten]] troude hy op [[9 maaie]] [[1923]] mei Pytsje Loopstra, mei wa't er in dochter krige.
 
Roorda wie de soan fan in ûnderwizer op De Tynje. Syn heit wie lid fan de [[SDAP]]. As timmerfeint hie hy sûnt syn 13-jierrige leeftyd ferskate bazen. Ut in wisse langstme nei aventoer emigrearre hy yn [[1910]] nei de Feriene Steaten, wêr't hy, nei in tiid as timmerfeint wurke te hawwen yn [[Iowa]], in timmerbedriuw begjinne koe. Troch in anty-militaristyske hâlding, en letter troch [[fakbûn]]saktiviteiten, waard hy in pear kear troch de Amerikaanske autoriteiten finzen setten.