Húslik geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Wetjouwing: katsort op huslik, net húslik
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: mk:Семејно насилство is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:True_Manhood_-_Anti-Domestic_Violence_Sign_-_Outside_Entebbe_-_Uganda.jpg|right|thumb|250px|In kampanje tsjin húslik geweld yn [[Uganda]].]]
'''Húslik geweld''' is in gedrachspatroan wêrby't men geregeldwei jins houlikspartner of de persoan mei wa't men gearwennet (en al of net in yntime relaasje hat) [[mishanneling|mishannelet]]. Dat kin barre troch de wei fan fysike agresje (slaan, skoppe, bite, triuwe, fêsthâlde, bekûgelje mei foarwerpen), geastlike agresje (útskelle, fernederje, bedriigje, yntimidearje, ''[[stalking]]''), ferwaarleazging of finansjele útrûpeling. Fierders is it ek faak in gefolch fan of kin it liede ta [[ferkrêfting binnen it houlik]]. Húslik geweld wurdt gauris feroarsake of oanboaze troch [[alkohol]]gebrûk, [[alkoholisme]] en geastlike sykten, en dêrnjonken spylje maatskiplik fermidden en kulturele eftergrûn ek in rol, mei't bewustwêzen, persepsje, definysje, dokumintaasje en bestriding fan dit ferskynsel ferskilt fan sosjale klasse ta sosjale klasse en fan kultuer ta kultuer. Húslik geweld komt sawol yn [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] as yn [[homoseksualiteit|homoseksuële]] relaasjes foar; yn heteroseksuële relaasjes is meast de frou it slachtoffer en de man de dieder, mar lang net altyd.
 
== Persepsje ==
De measte Westerske lannen hawwe [[wet]]ten dy't spesifyk rjochte binne op 'e bestriding fan húslik geweld. In protte ûntwikkelingslannen, lykwols, ûnderkenne net iens dat húslik geweld in probleem is dat bestriden wurde moat. Sa die út in ûndersyk fan [[UNICEF]] bliken dat it persintaazje fan 'e froulju tusken de 15 en 49 jier dat mient dat in man ûnder beskate omstannichheden it rjocht hat om syn frou te slaan yn [[Afganistan]] en [[Jordaanje]] 90% is; yn [[Maly]] 87%; yn [[Guinee]] en [[East-Timor]] 86%; yn [[Laos]] 81%; en yn 'e [[Sintraalafrikaanske Republyk]] 80%. Wegering om oan 'e easken fan 'e man ta te jaan is gauris it ferlechje dat yn sokke ûntwikkelingslannen jûn wurdt om húslik geweld tsjin froulju te behimmeljen. Yn [[Tadzjikistan]], bygelyks, fynt 68% fan 'e froulju it te rjochtfeardigjen as in man syn frou slacht om't se him tsjinsprekt, 62,4% hat der begryp foar as er dat docht om't se it hûs ferlitten hat sûnder dat se him dat yn 't foar ferteld hie; en 47,9% fynt it goed as er har slacht om't se op dat stuit gjin [[seksuële omgong]] mei him hawwe wol.
 
== Wetjouwing ==
Tradysjoneel hiene manlju yn 'e measte kultueren it rjocht om harren froulju te "hoffenjen" (Nederlânsk: "''kastijden''"), mar yn 'e Westerske wrâld rekken se dat rjocht oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieu|njoggentjinde]] of it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]] kwyt. Arrestaasjes foar húslik geweld wiene oant de santiger jierren lykwols tige seldsum en kamen inkeld foar as it geweld wol alderraarste foarmen oannaam. Pas sûnt de jierren njoggentich binne der wetten oannommen en rjochtlinen opsteld dy't de wol begryplike tebekhâldendheid fan 'e [[plysje]] om yn in houlik of in oare yntime relaasje yn te gripen, oan kant reage hat.
 
Rigel 18:
[[Kategory:Mishanneling]]
[[Kategory:Frouljusmishanneling]]
 
{{Link FA|mk}}