Ferskil tusken ferzjes fan "Mobile (Alabama)"

L
Robot: en:Mobile, Alabama is een goed artikel; tekstwiziging
L (→‎Klimaat: +koörd)
L (Robot: en:Mobile, Alabama is een goed artikel; tekstwiziging)
{{Stêd mei flagge|
Ofbyld= [[FileOfbyld:Downtown Mobile 2008 01.jpg|300px]] |
Flagge= [[FileOfbyld:Flag of Mobile, Alabama.png|125px]] |
Wapen= [[FileOfbyld:Seal of Mobile, Alabama.png|60px]] |
Ynwennertal= 194.822 <small>(2012)</small>|
Oerflak= 413 km² <small>(ynkl. wetter)</small><br /> 305 km² <small>(allinnich lân)</small>|
Befolkingstichtens= 638,7 / km² |
Stêdekloft= 413.936 <small>(2012)</small> |
Webside= [http://www.cityofmobile.org/ www.cityofmobile.org]|
}}
[[FileOfbyld:Mobile County Alabama Incorporated and Unincorporated areas Mobile Highlighted.svg|left|thumb|200px|De lizzing fan Mobile yn [[Mobile County (Alabama)|Mobile County]] en yn 'e steat [[Alabama]].]]
[[FileOfbyld:Downtown Mobile 2008 03.JPG|left|thumb|200px|It sintrum fan Mobile.]]
[[FileOfbyld:Ashland Place Mobile AL 05.JPG|left|thumb|200px|In hûs yn 'e Tudor Revival-styl, yn 'e wyk Ashland Place.]]
[[FileOfbyld:Mobile Museum of Art by Highsmith.jpg|left|thumb|200px|It ''Mobile Museum of Art''.]]
'''Mobile''' (útspr.: [mo:<small><sup>u</sup></small>'bi:l], "mobiil") is in stêd yn 'e súdlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alabama]]. It leit yn it suden fan 'e steat, dêr't de rivier de [[Mobile (rivier)|Mobile]] útmûnet yn 'e [[Baai fan Mobile]], in útrinder fan 'e [[Golf fan Meksiko]]. Mobile is it haadplak fan it omlizzende [[Mobile County (Alabama)|Mobile County]], en neffens in offisjele skatting út [[2012]] hie it doe krapoan 195.000 ynwenners, wat it ta de op twa nei grutste stêd fan Alabama makket (nei [[Birmingham (Alabama)|Birmingham]] en [[Montgomery (Alabama)|Montgomery]]). Mei alle foarstêden derby hat Mobile as stêdekloft in befolking fan hast 415.000 minsken.
 
== Skiednis ==
Mobile ûntlient syn namme oan 'e [[Mobiil (folk)|Mobiil]]-[[Yndianen]], dy't om 'e [[Baai fan Mobile]] hinne wennen doe't it gebiet oan it begjin fan 'e [[achttjinde ieu]] troch de [[Frankryk|Frânsen]] [[kolonisaasje|kolonisearre]] waard. De delsetting Mobile waard yn [[1702]] stifte ûnder de namme Fort Louis de la Louisiane, en wie it earste haadplak fan 'e Frânske [[koloanje]] [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]], dy't it hiele streamgebiet fan 'e [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] besloech, foar't dy posysje yn [[1720]] oergie op [[Biloxi (Mississippy)|Biloxi]], en noch letter op [[New Orleans]]. Yn [[1723]], nei't der in nije fêsting fan [[bakstien]] oanlein wie, waard de namme fan 'e delsetting feroare yn Fort Condé, om [[Loadewyk Hindrik fan Boerbon, prins fan Condé]] te earjen. It behold de rest fan 'e Frânske tiid lykwols de rol fan militêr en hannelssintrum, oant it yn [[1763]], nei de [[Frânske en Yndiaanske Oarloch]], mei alle oare Frânske gebieten bewesten de Mississippy oan [[Grut-Brittanje]] ôfstien waard.
 
 
Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) hearde Alabama ta de [[Konfederearre Steaten fan Amearika]], dy't har fan 'e Feriene Steaten besochten ôf te skieden. De haven fan Mobile waard, krekt as alle Súdlike havens, blokkearre troch de Noardlike marine. Ien fan 'e bekendste seeslaggen, de [[Slach yn de Baai fan Mobile]], yn [[1865]], fûn plak fuortby Mobile, en resultearre yn in Noardlike oerwinning. Koart nei't it Suden him oerjûn hie en de oarloch alsa einige wie, rekken der yn Mobile mear as 300 lju dea doe't in Noardlik legerarsenaal yn 'e haven ûntplofte. It lêste fearn fan 'e [[njoggentjinde ieu]] hie Mobile slim te lijen fan in [[ekonomy]]ske [[depresje]] dy't mar net oerbetterje woe.
[[FileOfbyld:Cathedral-Basilica_of_the_Immaculate_Conception_in_Mobile.jpg|right|thumb|200px|De Katedrale Basilyk fan 'e Unbesmodzge Untfangenis, de sit fan it [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[aartsbisdom Mobile]].]]
 
Nei de ieuwiksel fûn Mobile himsels op 'e nij út as in sintrum fan 'e [[stiel]]yndustry en fan [[skipsbou]] yn it Suden. Fral ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] en letter ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] bloeiden dy sektors as nea tefoaren. Yn deselde snuorje ûntjoech Mobile him ta in folslein [[rasseskieding|segregearre]] stêd, dêr't [[jeropide ras|blanken]] en [[negroïde ras|swarten]] op alle mooglike sosjale terreinen útinoar holden waarden. Nei de Twadde Wrâldoarloch ferfongen de [[papier]]yndustry en de [[gemyske yndustry]] de skipsbou as wichtichste pylders fan 'e ekonomy, en waard de [[rasseskieding]] opheft. Oars as yn 'e rest fan Alabama, dêr't it nasjonaal regear yn it fiere [[Washington, D.C.]] de pleatslike polityk twinge moast ta [[desegregaasje]], barde dat yn Mobile foar in grut part op frijwillige basis (lykas by it pleatslik busferfier en yn 'e [[horeka]]). De rasseskieding yn 'e skoallen waard yn [[1964]] lykwols pas opheft nei't in rjochter dêrta opdracht jûn hie. De ekonomy fan Mobile krige yn [[1969]] in flinke opstopper doe't de [[Loftmachtbasis Brookley]], deunby de stêd, tichtgie. Ek op oare terreinen rekke de pleatslike ekonomy yn it neigean; pas ein jierren tachtich klaude de stêd wer by de wâl op.
 
== Mobile hjoed de dei ==
[[Romtefeart]]technology,de [[stiel]]yndustry, de [[skipsbou]], [[detailhannel]], [[lichte yndustry]], [[sûnenssoarch]] en de [[tsjinstesektor]] yn it algemien binne de pylders dêr't de [[ekonomy]] fan Mobile op stipet. De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is it iepenbiere skoalstelsel fan Mobile County, mei krapoan 8.000 banen. Kwa berikberheid wurdt de stêd tsjinne troch it ''[[Mobile Regional Airport]]'', dat direkte ferbinings ûnderhâldt mei fiif ûnderskate ynternasjonale [[lofthaven]]s.
 
Op it mêd fan heger ûnderwiis beskikt Mobile oer de iepenbiere [[Universiteit fan Súd-Alabama]], dy't yn [[1963]] oprjochte is. Fierders binne der de [[Faulkner Universiteit]], in mei de [[protestantisme|protestantske]] ''[[Church of Christ]]'' assosjearre [[universiteit]] yn [[Montgomery (Alabama)|Montgomery]] mei in regionale kampus yn Mobile; de [[baptisme|baptistyske]] [[Universiteit fan Mobile]], stifte yn [[1961]]; en it [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[Spring Hill Kolleezje]], dat út [[1830]] datearret en dat de op twa nei âldste troch [[jezuïten]] late [[hegeskoalle]] yn 'e Feriene Steaten is. It ''Bishop State Community College'', ta einbeslút, dat stifte waard yn [[1927]], is in iepenbiere, mar histoarysk [[negroïde ras|swarte]] hegeskoalle.
[[FileOfbyld:USS Alabama Mobile, Alabama 002.JPG|left|thumb|200px|It [[slachskip]] de ''USS Alabama'' yn it ''Battleship Memorial Park''.]]
 
Wat [[toerisme]] en ferdivedaasje oanbelangje, is der yn 'e stêd it ''[[Mobile Museum of Art]]'', mei in [[keunst]]kolleksje dy't foar in diel modern en foar in diel histoarysk is. Fierders binne der it ''Mobile Medical Museum'', dat de skiednis fan 'e sûnenssoarch beljochtet, en it Histoarysk Museum fan Mobile, dat oer de pleatslike skiednis giet. En yn 'e haven fan Mobile is it ''[[Battleship Memorial Park]]'' ("Slachskipbetinkingspark") fêstige, mei útstallings oer de [[Koreä-oarloch]], de [[Fjetnamoarloch]] en histoarysk oarlochsreau, mar ek mei it [[slachskip]] de ''USS Alabama'' en de [[ûnderseeër]] de ''USS Drum'', dy't beide út 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] datearje.
 
== Demografy ==
[[FileOfbyld:House on Springhill Avenue Mobile 12-29-2012.jpg|right|thumb|250px|In hûs oan Spring Hill Avenue, ferrinnewearre troch de Earste-Krystdeitornado fan [[2012]].]]
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Mobile 13,7% âlder as 65 jier en 6,7% jonger as 18 jier. Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 50,6% [[negroïde ras|swarten]]; 43,9% [[jeropide ras|blanken]]; 2,4% [[Latino's]]; 1,8% [[Aazje|Aziaten]]; 0,3% [[Yndianen]]; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
 
De pleatslike kultuer fan Mobile is in miks fan [[Frankryk|Frânske]], [[Spanje|Spaanske]], [[Louisiaanske Kreoalen|Kreoalske]], [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]], [[roomsk-katolisisme|roomske]] en [[Amerikaanske Suden|Súdlike Amerikaanske]] ynfloeden, dy't de stêd ûnderskiede fan alle oaren yn Alabama. It makket Mobile net wanlyk oan it folle gruttere en bekendere [[New Orleans]], dat relatyf deunby oan 'e Golfkust leit. Krekt as New Orleans wurdt yn Mobile rûnom it [[karnaval]] fierd, of sa't it yn it Suden fan 'e Feriene Steaten neamd wurdt: ''[[Mardi Gras]]''.
 
== Klimaat ==
Mobile hat in [[subtropysk klimaat|subtropysk]] [[klimaat]], mei hjitte fochtige [[simmer]]s en tige mylde [[winter]]s. Yn [[july]], de waarmste moanne, is de trochsneed [[temperatuer]] oerdeis 32,8&nbsp;°C, en yn [[jannewaris]], de kâldste moanne, is dat 16,0&nbsp;°C. Rekôrtemperatueren wiene 41&nbsp;°C op [[29 augustus]] [[2000]] en –18&nbsp;°C op [[13 febrewaris]] [[1899]]. Mobile kriget jiers trochinoar 1.679,4 mm [[delslach (waar)|delslach]], mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 1,2 sm [[snie]] (dat wol dus sizze dat it de measte jierren hielendal net snijt).
 
 
[[Kategory:Plak yn Alabama]]
 
{{Link GA|en}}
45.585

bewurkings