Ferskil tusken ferzjes fan "Wetterskip Fryslân"

L
+kaart
L (Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1970347)
L (+kaart)
[[Ofbyld:2014-Waterschappen-1250.png|thumb|260px|<small>Kaart mei de Nederlânske wetterskippen (2014). Nûmer 2 is it Wetterskip Fryslân</small>]]
It '''Wetterskip Fryslân''' is in [[wetterskip]] yn [[Fryslân]]. It hat de noed foar alle diken yn en om de provinsje en is dêrneist ferantwurdlik foar it kwantitative en kwalitative behear fan it [[oerflaktewetter]] yn hast hiel Fryslân en in stik fan it Grinslanner [[Westerkertier]]. De organisaasje sit yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
 
=== Boezemwetterskippen ===
[[Image:Provfriesland.gif|right|thumb|180px|Fryslân yn 1868]]
In oare kategory binnendykse wetterskippen wienen de saneamde [[boezemwetterskip]]pen. Dizze waarden yn Fryslân benammen nei 1875 oprjochte, neidat yn de rin fan de [[19e ieu]] hieltyd mear [[Boezem (wetter)|boezemlân]] foar de lânbou ynpoldere wie. De ynstelling fan dizze wetterskippen waard oanmoedige troch de provinsje, dy’t hjiryn in goede manier seach om de wetterbehearsking te ferbetterjen. Boezemwetterskippen moasten leechlizzende stikken lân bedykje en sa beskermje tsjin hege [[Boezem (wetter)|boezemwetterstannen]]. Ek waarden se ferantwurdlik foar it bemeallen fan dizze gebieten. It heechste bestjoersorgaan fan in boezemwetterskip wie de gearkomste fan yngelannen, dy’t meast ienkear yn it jier gearroppen waard. De deiske gong fan saken wie yn hannen fan in bestjoer, dat troch de yngelannengearkomst beneamd waard.
 
 
== Taken ==
[[Image:Waterpeil Friese boezem.jpg|thumb|180px|Peilskaal fan it Wetterskip Fryslân (2008)]]
[[Image:Woudagemaal 03.JPG|right|thumb|180px|[[Yr. D.F. Woudagemaal|Woudagemaal]], [[Teakesyl]] (2007)]]
[[Image:J.L.Hooglandgemaal.jpg|right|thumb|180px|[[J.L. Hooglandgemaal|Hooglandgemaal]], [[Starum]] (2007)]]
 
De kearntaken fan it Wetterskip Fryslân binne: it behear fan de kwaliteit en kwantiteit fan it Fryske oerflaktewetter en de soarch foar de see- en polderdiken yn de provinsje. It wetterskip ferdielt dizze taken yn in trijetal saneamde “tema’s".