Gerben Abma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2438103 (translate me)
Muijz (oerlis | bydragen)
L Oersette, skiednis (in Berjocht:Oersette ha'k net fûn, dat ik ha sels wat makke)
Rigel 5:
Hy gie nei de [[Hegere Boargerskoalle|HBS-B]], helle dêrnei it steatseksamen [[gymnasium|gymnasium-A]] en studearre [[teology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Nei syn kandidaatseksamen besleat er fan stúdzjerjochting te feroarjen. Hy studearre ôf yn [[skiednis]] en helle dêrnjonken ek noch in diploma wittenskiplik argyfamtner. Yn 1980 promovearre Abma oan de [[Frije Universiteit Amsterdam]] op it proefskrift ''Geloof en politiek: confessionele partijvorming in Friesland: ontstaan en eerste jaren (1852-1871)''.
 
Al yn syn studintetiid sette Abma mei de skriuwerij útein. Wurk fan him ferskynde ûnder oaren yn de tydskriften ''[[It Heitelân]]'', ''[[Stiennen Man]]'' en ''[[Stim fan Fryslân]]''. Yn 1962 debutearre er mei de roman ''De útfanhuzer'' dy't net sa bêst ûntfongen waard. ''De Gersridders'' (1969) wûn lykwols de earste priis fan de [[Kristlik Fryske Folks Bibleteek]] en waard útjûn as premyboek. Dêrneist besocht Abma om de kontakten tusken Fryske en Nederlânske skriuwers te ferbetterjen. Hy rjochte yn 1967 mei [[Feyo Schelto Sixma van Heemstra|Feijo Sixma van Heemstra]] en [[Josse de Haan]] it twatalige tydskrift ''A-wyt'' op, dat goed twa jier letter al wer ophefd waard. Syn stikken ferskyden dêryn ûnder de [[skûlnamme]] ''G. Jelles''.<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-19990716-26002&vw=org&lm=gerb%2Cabma In Fryske provo fan adel], troch [[Pieter de Groot]], yn ''[[Ljouwerter Krante]]'', 16 july 1999</ref> Abma ûntjoech him ta in [[polemyk|polemist]] dêr't men benaud foar wie, mar begûn yn 1971 in rjochtssaak doe't er troch kollega-skriuwer [[Jo Smit]] "in moreel defect minske" en "in troch en troch sik en teheistere brein" neamd waard, fanwege syn hurde oanfal op [[Freark Dam]]. Smit kaam der mei in boete fan 50 gûne fan ôf.<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-20041116-14005&vw=org&lm=gerb%2Cabma Mr. Kuipers wie syn tiid foarút], troch [[Pieter de Groot]], yn ''Ljouwerter Krante'', 16 novimber 2004</ref><ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-19930108-20008&vw=org&lm=gerb%2Cabma De ivige jeugdsûnde driuwt de kolumnist], troch Pieter de Groot, yn: ''LeeuwarderLjouwerter CourantKrante'', 18 jannewaris 1993</ref>
 
Abma wie skiednislearaar te Ljouwert en oan de ryksskoallemienskip [[RSG Magister Alvinus|Magister Alvinus]] te [[Snits (stêd)|Snits]]. Teffens wie er haadredakteur en einredakteur fan de ''[[Encyclopedie van het hedendaagse Friesland]]'' (1975), in twadielige ensyklopedy oer Fryslân, útjûn troch Van Seijen út Ljouwert. Mei kollega haadredakteur [[Klaas Jansma]] hie er yn 1974 al ''Dwalend door het Hoge Noorden'' skreaun, in gids foar it [[Lauwersmar]] en omkriten.
 
Nei syn pensjonearring sette er him nei wenjen yn [[Amsterdam]], yn septimber 1991,<ref name="archiefleeuwardercourant.nl">[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-19910919-7014&vw=org&lm=gerb%2Cabma ''Filmers over Laaksum: dit zie je alleen in het buitenland''], troch Sietse de Vries, yn: ''LeeuwarderLjouwerter CourantKrante'', 19 septimber 1991</ref> dêr't er in skoft duo-riedslid foar it [[Christen-Democratisch Appèl|CDA]] yn de dielried fan [[Amsterdam-Sintrum]] wie.<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-20051118-26003&vw=org&lm=gerb%2Cabma 'It is bedroevend sa't wy ús kultuer ûnderhâlde'], troch Sietse de Vries in: ''Ljouwerter Krante'', 18 novimber 2005</ref>
 
==Bibliografy==
Rigel 32:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Dizze side of in eardere ferzje is (gedieltlik) oersetten fan de [http://nl.wikipedia.org/w/index.php?title=Gerben_Abma&oldid=24789187 Nederlânske Wikipedy] dy't under de licentie [http://creativecommons.org/licenses/by-sa/3.0/ Creative Commons Naamsvermelding/Gelijk delen] falt. Sjoch der foar de [http://nl.wikipedia.org/w/index.php?title=Gerben_Abma&action=history&year=2011&month=3&tagfilter= bewurkingsskiednis].
* {{fy}} [http://www.sirkwy.nl/titel/34 biografie] Fryske literatuerside
----
<references/>