Daugavpils: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 20:
}}
[[Ofbyld:Daugavpils University square.jpg|300px|thumbnail|right|Plein foar de Universiteit fan Daugavpils]]
[[Ofbyld:Dvinsk 1912.jpg|thumbnail|Daugavpils yn 1912]]
'''Daugavpils''' ([[Dútsk]]: ''Dünaburg''; [[Russysk]]: Даугавпилс, Борисоглебск; (''Borisoglebsk'' 1656–1667), Двинcк; (''Dvinsk'' 1893–1920); [[Letgaalsk]]: ''Daugpiļs'', [[Litousk]]: ''Daugpilis'', [[Poalsk]]: ''Dyneburg'') is in stêd yn it súdeasten fan [[Letlân]]. Mei har 109.421 ynwenners (1-1-2005) is it nei Riga de grutste stêd fan it lân. De stêd leit oan de rivier de [[Westlike DvinaDuna]], yn it Letsk: '''Daugava''', wêrnei de stêd ek neamd is. It is de wichtichste stêd fan it lânsdiel Letgallen (Latgale). De stêd, dy't yn de [[Twadde Wrâldkriich]] foar in grut part ferwoaste waard, hat benammen Russyske ynwenners (59% yn 1998, tsjin 14% Letten en 13% Polen).
Daugavpils leit binnen de [[Daugavpils novads|gemeente Daugavpils]], mar is hjir gjin part fan. Wol is Daugavpils hjir it bestjoerlik sintrum fan.
 
Line 32 ⟶ 33:
Yn [[1953]] anneksearre Daugavpils it op de lofterwâl fan de Daugava lizzende stedsje Grīva, dat histoarysk net by Letgallen, mar by [[Seelje]] (Hartochdom Koerlân en Semgallen) hearde.
Nei de twadde ûnôfhinklikheid fan Letlân yn [[1991]] namen de sosio-ekonomyske problemen ta; der wie mear wurkleazens en der wiene mear drugsferslaafden. Hoewol it de twadde stêd fan Letlân is wurdt it troch it regear yn Riga fanwege syn sterk Russyske karakter en grut persintaazje ynwenners sûnder steatsburgerskip foar in grut part net nei omsjoen.
 
==Stêdsbyld==
It symboal fan de stêd is de grutte, ier njoggentjinde ieuske Russyske festing (''cietoksnis''), dy goed bewarre bleaun is. Oa de râne fan de wyk ''Jaunbūve'', dy ryk is oan houten huzen, stean in luterske, in roomsk-katolike, in Russysk-Ortodokse en in âldleauwigentsjerke flak by inoar.
It Hûs fan de Ienheid (''Vienības nams'', ûntwurpen troch Verners Vitands) wie doe't it yn 1937 reekaam de earste heechbou yn de Letske republyk.
It sintrum hat in unyk stêdsbyld fan âlde en klassike 19e ieuske arsjitektuer.
 
==It besjen wurdich==
*Tsjerke fan de Unbeflekte Unfinzenis
 
==Berne==
*[[Aleksandrs Cauņa]] ([[18 jannewaris]] [[1988]]), fuotballer
 
==Keppeling om utens==
* [http://www.daugavpils.lv Offisjele webside]
 
{{Commonscat|Daugavpils}}