Camminghahûs (Frjentsjer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
→‎Funksjes: oanfolling
Rigel 7:
 
== Earste bewenners ==
[[Sicke Siaerda]] wie de âldste bekende eigener. Nei syn dea yn [[1422]] erft syn dochter Edwer Sjaerda, dy't troud is mei Douwe Sjaerdema (doopt as Douwe Aylva) it hûs. As Edwer nei 1510 ferstoarn is fine wywurdt yn 1527 Lutke (Luts) fan Sjaerdema, dochter fan Douwe en Edwer, mei har man Gerrolt fan Herema as eigener fan de stins en dêrnei yn 1552 Luts fan Herema, in dochter fan Gerrolt en Lutke, dy't troud is mei Minne fan Cammingha.
Yn 1571 erft soan Gerrolt fan Cammingha it hûs dat dan al sa’n 25 jier Camminghahûs neamd wurdt. Yn 1600 wennet hjir jonkfrou Atcke fan Ockinga, widdo fan Gerrolt fan Cammingha.
 
Ten westenBewesten fan de stins waard yn de l5e ieu grif troch de Sjaerdema's in wenhûs boud. De ynwindige konstruksje bestie út moer- en bernebynten, stilen mei korbeien en goatyske sleutelstikken. De finsters hienen traaljes. It hûs waard boud oan de eastlike ein fan wat Nicolaas Geelkerk yn 1616 'Die Hoochstraet' neamt, de hjoeddeiske Foarstrjitte. Dêryn rûn eartiids de Hearengrêft. Sa goed as wis wienen de stins en it der letter by boude hûs der earder as de grêft, want krekt foar de westgevel fan (doe noch) Sjaerda-hûs makke dizze grêft in hast heakske bocht nei it noarden om foarby it grûngebiet dat oarspronklik by dit hûs hearde wer nei it easten ôf te bûgjen.
 
== 16e ieu ==