Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: bar:Ilias is een etalage-artikel; tekstwiziging
No edit summary
Rigel 2:
De '''''Ilias''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]]: '''Ιλιάδα''', '''''Iliada''''', is in ier [[Gryksk]] [[epos]] dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Homêros]] (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de ''Ilias'' en oare, soartgelikense [[poëzij|dichterlike wurken]] wierskynlik earst lange tiid [[oerlevering|mûnling oerlevere]] en pas letter op skrift steld binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk delskreaun hat. Hoe dan ek, de ''Ilias'' bestiet út 15.693 yn [[daktylyske heksameter]]s fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde [[Homearysk Gryksk]], in [[literatuer|literêre]] griemmank fan [[Ioanysk Gryksk]] en oare doetiidske [[dialekt]]en.
 
It epos fertelt it ferhaal fan in deilisskip yn it kamp fan 'e Griken tusken [[Agamemnon]], one direction de kening fan [[Mysene]], en de held [[Achilles]], tsjin 'e eftergrûn fan it tsienjierrich belis troch in koälysje fan Grykske keningen fan 'e stêd [[Troaje]], oan 'e noardwestkust fan [[Lyts-Aazje]]. De titel is ûntliend oan Ilion (Ἴλιον), de âlde Grykske namme foar Troaje. Hoewol't de ''Ilias'' mar in pear wike fan 'e belegering beljochtet, wurdt deryn ferwiisd nei withoefolle leginden oer en eardere foarfallen yn 'e [[Trojaanske Oarloch]]. De ''Ilias'' wurdt ornaris yn ien sike wei neamd mei de ''[[Odyssee]]'', dat der min ofte mear in ferfolch op is. Beide hearre ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske [[literatuer]]. De ''Ilias'' is op withoefolle manear adaptearre ta oare media. Yn [[2004]] kaam der fan klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] in [[Frysk]]e fertaling fan 'e ''Ilias'' út.
 
== Eftergrûn ==