De Adelaarshorst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{Ynfoboks stadion | namme = De Adelaarshorst | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingtekst = | plak = Dimter | kapasiteit =...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 apr 2014 om 14.53

De Adelaarshorst is in fuotbalstadion yn Dimter, dat leit oan 'e Fetkampstrjitte. It stadion wurdt sûnt 1920 brûkt troch de Go Ahead Eagles.

De Adelaarshorst
  stadion
lokaasje
plak Dimter
algemiene ynformaasje
kapasiteit 8.011
eigner Gemeente Dimter
bou
iepening 1920

Nei it lânskampioenskip yn 1922 waard begûn mei de bou fan in oerdekte tribune, dy't de klub twa jier letter yn gebrûk naam. Twa kampioenskippen letter (1930 en 1933) iepene Go Ahead har haadtribune, ûntwurpen troch arsjitekt Maarten van Harte. Yn de jierren '50, doe't it betelle fuotbal har yntree die, waarden ek de oare trije siden oerdekt.

De wedstriid mei de measte taskôgers wie op 29 septimber 1965 tsjin Celtic FC. Op dizze Europeeske wedstriid van Go Ahead kamen sa'n 25.000 minsken ôf.

Yn de jierren '80 is de kapasiteit fan it sintraal leine stadion flink werombrocht, dêr't de steanplakken op 'e IJsseltribune (tsjinoer de âlde haadtribune) ferfongen waarden troch sitplakken. De stuoltsjes hie de klub út De Kuip, it stadion van Feyenoord, helle.