Ferskil tusken ferzjes fan "Robert Louis Stevenson"

L
→‎Libben: (1818–1887)
L (Utwreiding)
L (→‎Libben: (1818–1887))
 
== Libben ==
Stevenson waard berne yn Edinburgh as soan fan yngenieur [[Thomas Stevenson]] (1818–1887) en Margaret Balfour. Syn âlden wiene tige religieus, mar hysels ferlear it leauwe yn syn stúdzjetiid op de universiteit, alhoewol't it wol ynfloed op him hâlde soe.
Yn syn koarte libben ûndernaam er in soad. Hy waard ynearsten yngenieur, lykas syn heit (dy't it ûntwerp fan de fjoertoer modernisearre). Om reden fan swakke sûnens gie er lykwols oer op rjochtestúdzje, mar hy hat nea praktisearjend jurist west. Op'e ein fan syn libben wie er plantaazjehâlder en stamhaad yn [[Samoa]].