Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Sjoch ek: brûke wikilink
No edit summary
Rigel 30:
 
Snits leit tichtby de [[Snitser Mar]] en is ûnder oaren bekend om syn âlde binnenstêd mei de [[Snitser Wetterpoarte]]. As ien fan de alve [[Fryske stêden]] yn [[Westerlauwersk Fryslân]] is Snits ek ûnderdiel fan de [[Alvestêdetocht]]. Dêrneist is de stêd bekend om de [[wettersport]] en de [[Snitswike]].
 
Fan augustus 1498 oant en mei maart 1500 wie Snits de haadstêd fan it gewest Fryslân.<ref>[https://sites.google.com/site/argeosneek/de-sneeker-munt De Sneeker munt], ArGeos</ref>
 
== Skiednis ==
Line 37 ⟶ 39:
 
Snits hat sûnt [[13e ieu]] [[stedsrjochten]], wat Snits ien fan de Fryske Alve Stêden, mar om't it dêr letter gjin dokuminten foar bybringe koe, hat it yn de 16e ieu nije stêdsrjochten oanfrege en krigen. Yn [[1456]] naam Snits in offisjeel [[stêdsboek]] oan, dêr't it rjocht yn 'e stêd mei regele waard. Dit wie ek it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd dy't oant likernôch [[1550]] ta duorje soe. Yn [[1492]] waard mei de oanlis fan in nije stedsgrêft en stedswâl begûn. Yn de tiid fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] waard dêr in stêdmuorre op oanlein. Nei dy tiid wie Snits de ienige ommuorre stêd fan Fryslân. Fan de âlde [[festingwurk]]en binne no allinnich noch de Wetterpoarte en in lyts stikje bolwurk oer.
 
Mei it [[ferdrach fan Snits]] fan [[30 april]] [[1498]] erkend [[Westergoa]] it gesach fan [[Albrecht fan Saksen]]. Dêrmei komt der in ein oan de [[Fryske frijheid]] en begjint de [[Saksentiid]] yn Fryslân. Snits waard yn augustus 1498 op oanstean fan [[Wilwolt fan Schaumberch]] de nije haadstêd fan it gewest Fryslân. De stêd Ljouwert wie op dat stuit yn hannen fan de Fetkeapers en soe pas yn it belis fan Ljouwert fan septimber en oktober 1498 ûnderhearrich makke wurde oan [[Albrecht fan Saksen]]. Yn maart 1500 rekket Snits syn status as haadstêd fan Fryslân kwyt en wurdt Ljouwert de nije haadstêd.
 
De binnenstêd fan Snits is sûnt [[1991]] in [[beskerme stedsgesicht]], de stasjonsbuert sûnt [[2007]].