Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 31:
== Geografy ==
=== Grinzen & swetten ===
IK GA HET VERNIETIGEN KUT
[[Ofbyld:USATopographicalMap.jpg|thumb|200px|Topografyske kaart]]
GROETEN UIT SCHIENDEL KUT
Yn it noarden grinzet de Feriene Steaten oan [[Kanada]], yn it easten oan de [[Atlantyske Oseaan]], yn it suden oan [[Meksiko]] en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de [[Stille Oseaan]].
 
De steat [[Alaska]] leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de [[Noardpoalsee]] yn it Noarden, oan [[Kanada]] yn it easten, oan de [[Stille Oseaan]] yn it suden en oan [[Ruslân]] yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat [[Hawaï]]. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.
 
De grins mei Kanada is 8.895 kilometer lang (wêrfan allinnich al 2.477 kilometer grins tusken Alaska en Kanada). De grins mei Meksiko yn it suden is 3.326 kilometer lang. De kustliny mei de [[Atlantyske Oseaan]], [[Pasifyske Oseaan]] en de [[Golf fan Meksiko]] is 19.924 kilometer lang. Fan de de Kanadeeske grins yn it noarden nei de Meksikaanske grins yn it suden is sa likernôch in ôfstân fan rûchwei 2.500 kilometer. Fan de Atlantyske nei de Pasifyske is sa'n 4.500 kilometer.
 
=== Geology & geakundige yndieling ===
Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oan't yn [[Wyoming]] en [[Kolorado]], dêr't in pear fan de heechste toppen fan it [[Rotsberchte]] lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
 
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte eindiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de [[Bering Strjitte]] foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de [[Bering See]] beheine.
 
Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas [[Porto Riko]], Gûam en [[Amerikaansk-Samoa]].
 
=== Politike geografy ===
{{Apart|Amerikaanske steaten}}
[[Ofbyld:Us-kaart.jpg|thumb|right|Kaart: [[CIA World Factbook]].]]
De neikommende steaten, ôfhinklike gebieten en federale distrikt binne meiïnoar de Feriene Steaten.
 
'''Steaten'''<br />
[[Alabama]] - [[Alaska]] - [[Arizona]] - [[Arkansas]] - [[Delaware]] - [[Fermont]] - [[Firginia]] - [[Florida]] - [[Georgia]] - [[Hawaï]] - [[Idaho]] - [[Illinois]] - [[Indiana]] - [[Iowa]] - [[Kalifornje]] - [[Kansas]] - [[Kentucky]] - [[Kolorado]] - [[Konnetikut]] - [[Louisiana]] - [[Maine]] - [[Marylân]] - [[Massachusetts]] - [[Michigan]] - [[Minnesota]] - [[Mississippy]] - [[Missoury]] - [[Montana]] - [[Nebraska]] - [[Nevada]] - [[Nij Hampshire]] - [[New York (steat)|New York]] - [[Nij Jersey]] - [[Nij Meksiko]] - [[Noard Dakota]] - [[Noard Karolina]] - [[Ohio]] - [[Oklahoma]] - [[Oregon]] - [[Pennsylvania]] - [[Rhode Island]] - [[Súd Dakota]] - [[Súd Karolina]] - [[Teksas]] - [[Tennessee]] - [[Utah]] - [[Washington (steat)|Washington]] - [[West Firginia]] - [[Wyoming]] - [[Wiskonsin]]
 
'''Ofhinklike gebieten'''<br />
[[Amerikaansk-Samoa]] - [[Guam]] - [[Amerikaanske Famme-eillannen]] - [[Noardlike Marianen]] - [[Puerto Riko]]
 
'''Federaal distrikt'''<br />
[[District of Colombia]]
 
By de ûnôfhiklikensferklearring yn [[1776]] wienen der mar 13 steaten.
 
Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e ieu woeksen de ynwennertallen fan Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas it hurdst. West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen yn dyselde rite te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners.
 
=== Klimaat ===
[[Ofbyld:Climatemapusa2.PNG|thumb|left|Klimaatgebieten yn de Feriene Steaten.]]
De Feriene Steaten hawwe ferskate klimaatstypen. Alaska hat in arktysk klimaat, mei dêrby de heechste bergen fan de Feriene Steaten (Mount McKinley, 6195 meter). Hawaï hat in [[tropysk klimaat]] mei [[tropysk reinwâld]], en it suden fan Florida hat de tropyske savannen fan de Everglades. De hûndertste meridiaan is ornaris de skiedsline tusken de droege en fochtige klimaten. Westlik fan de hûndertste meridiaan hearsket in frijwat droech steppeklimaat, eastlik dêrfan is it klimaat oer it generaal fochtich. It noardeasten fan de Feriene Steaten hat in fochtich, kontinintaal klimaat. Yn grutte berchgebieten lykas de [[Rocky Mountains]], de Sierra Nevada, en de Cascade Range oerhearsket in berchklimaat (''alpine climate''). Yn it súdwesten lizze ferskate [[Woastynklimaat|woastyngebieten]]. It pasifyske kustgebiet yn it noardwesten falt wol in soad rein.
 
Yn it midwesten komme wol gauris [[tornado]]'s foar, yn it gebiet dat ek wol ''Tornado Alley'' neamd wurdt. Yn it súdeasten komme grutte [[Orkaan|tropyske orkanen]] foar. De Feriene Steaten hawwe mear tornado's as alle oare lannen op de wrâld mei-inoar.<ref>Charles A. Doswell III: [http://cimms.ou.edu/~doswell/barcelona/severes.html Severe Storms]</ref>
 
Fan grutte ynfloed op it klimaat is de jetstream yn de hegere [[atmosfear]] dy't grutte lege drukgebieten út it noarden fan de [[Pasifyske Oseaan]] meibringt. As dy lege drukgebieten yn kontakt komme mei oare lege drukgebieten foar de eastkust fan de Feriene Steaten, dan falle der yn 'e winter grutte sniebuien dy't ''Nor’easters'' neamd wurde.
 
Yn it easten fan de Feriene Steaten lizze gjin hege berchgebieten. Dêrtroch kin de kjeld him winterdeis maklik útwreidzje nei it suden, en yn 'e simmer wreidet de waarmte him maklik út nei it noarden sadat de simmers yn it noardeasten fan de Feriene Steaten en it súdeasten fan Kanada relatyf hyt wêze kinne.
 
== Polityk ==