Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 36:
== Polityk ==
[[Ofbyld:Uscapitolindaylight.jpg|thumb|250px|De [[Amerikaanske Senaat|Senaat]] komt gear yn It Kapitoal.]]
NU VAN FRIESLAND KUT
De Feriene Steaten fan Amearika hat trije machten. Leden fan it [[Electoral College]] kieze alle fjouwer jierren de lieder fan de [[Utfierende macht|útfierende macht]], de [[Presidint fan de Feriene Steaten]]. In presidint wurdt foar fjouwer jier keazen en kin ien kear op 'e nij keazen wurde.
 
De [[wetjouwende macht]] is it [[Amerikaansk Kongres|Kongres]]. It Kongres bestiet út twa tûken, it [[Hûs fan Offurdigen (Feriene Steaten)|Hûs fan Offurdigen]] en de [[Amerikaanske Senaat|Senaat]]
 
Mei goedkar fan de Senaat hat de presidint it foech en kies ien fan de 9 rjochters fan it Heechgerjochtshof, de [[rjochterlike macht]]. De rjochters fan it Heechgerjochthof wurde beneamd foar it libben. It Heechgerjochtshof hat it foech om te sizzen dat in wet net neffens de grûnwet is wêrtroch de wet ûnjildich ferklearre wurde kin.
 
=== Partijen en ferkiezings ===
Sawol op federaal as op dielsteatnivo binne de [[Demokratyske Partij|Demokraten]] en de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinen]] sûnt de 19e ieu dominant. De Demokraten wurde sjoen as sintrum-links of liberaal en de Republikeinen binne sintrum-rjochts of konservatyf. De Demokraten hawwe tradisjoneel de kleur read en de Republikeinen hawwe blau. De steaten yn it noardwesten, oan de westkust en sommige steaten om de Great Lakes hinne binne bekend as "blauwe steaten". De "reade steaten" lizze foaral yn it suden, yn de Great Plains en yn de Rocky Mountains. Tusken de beide grutte partijen binne der grutte ideologyske ferskillen oer saken lykas abortus, houliken tusken homoseksuele spantsjes, de deastraf, en de autonomy fan de dielsteaten.
 
Lytsere partijen hawwe amper betsjutting yn de Amerikaanske polityk. Sûnt 1856 foarmje de Demokraten en de Republikein de grutste politike machtsblokken. Allinnich by de ferkiezings fan 1912 slagge it [[Theodore Roosevelt]] mei syn progressiven om as "tredde partij" mear as 20 persint fan de stimmen te krijen. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu hie Ralph Nader lytsere suksessen mei de grienen.
 
=== Ynlânske polityk ===
[[Ofbyld:WhiteHouseSouthFacade.JPG|thumb|250px|left|It [[Wite Hûs]] is it wen- en wurkstee fan de [[presidint fan de Feriene Steaten]].]]
Foar de ynlânske polityk spylje moreel-etyske fragen lykas it rjocht op abortus, de deastraf, de juridyske rjochten fan homoseksuelen, en de rjochten fan (lânseigen) minderheden in belangrike rol.
 
Op it mêd fan medyske soarch binne de ferplichte sikefersekeringen in punt fan politike diskusje. Yn 2006 hie sa likernôch 16 persint fan de Amerikanen gjin sikefersekering.<ref>US Census Bureau: [http://web.archive.org/web/20080304001702/http://www.census.gov/Press-Release/www/releases/archives/income_wealth/010583.html ''Household Income Rises, Poverty Rate Declines, Number of Uninsured Up''] publiseare op 28 augustus 2007</ref> Yn 1993 besocht presidint Clinton fergees om in wetlik ferplichte sikefersekering yn te fieren. Yn it jier 2010 waard ûnder presidint Obama in wet oannommen, om it medyske fersekeringsstelsel foar 2018 te herfoarmjen.
 
De measte steaten hawwe in wapenwet, dy't yn ferliking mei oare lannen bysûnder liberaal is. De measte Amerikanen sjogge it wapenbesit tradisjoneel as in grut rjocht, dat yn de grûnwet bewoartele is. Amerikaanske boargers kinne sûnder grutte swierrichheden in wapen en kûgels krije en it wapen mei munysje ek drage op strjitte. Mei-inoar binne der yn de Feriene Steaten mear as 200 miljoen pistoalen en gewearen yn persoanlik besit.<ref>BBC: [http://www.bbc.co.uk/worldservice/people/features/ihavearightto/four_b/casestudy_art29.shtml Case Study: Guns in the USA]</ref> Oer de wetjouwing op it mêd fan wapenbesit is in soad diskusje. De tsjinstanners sjogge de liberale wapenwetten as de oarsaak fan relatyf hege misdiedsifers mei wapens lykas oerfallen en moarden. De foarstanners lykas de National Rifle Association (NRA) binne it dêr net mei iens en ferwize nei lannen as Kanada en Nij-Seelân, dêr't ek in soad wapens yn persoanlik besit binne en de misdiedsifers in stik leger as yn de Feriene Steaten. Dêrneist fine de foarstanners it belangryk dat minsken har sa better ferdigenje kinne tsjin kriminelen.
 
It [[homohoulik]] is net erkend troch it federale regear, it foech dêrta leit by de steaten. Yn 2004 wie Massachusetts de earste steat dêr't it homohoulik tastien waard. Begjin 2012 wienen der yn totaal seis steaten dêr't minsken fan itselde geslacht mei-inoar trouwe mochten. Yn Kalifornje wie it houlik tusken twa minsken fan itselde geslacht mooglik fan 16 juny 2008 oant en mei 4 novimber 2008. De legalisaasje fan homohouliken is útfjochten foar de rjochter of besletten troch in beslút fan de wetjouwende macht, mar net troch referenda.<ref>dailymail.co.uk: [http://www.dailymail.co.uk/news/article-1225210/Gay-marriage-rejected-31-U-S-states-vote-Maine-gives-legislation-thumbs-down.html Gay marriage thrown out by all 31 U.S. states where it has been put to vote]</ref>
 
Op it mêd fan miljeu binne de Feriene Steaten nei Sina it lân mei de twadgrutste útstjit fan CO<sub>2</sub> op de wrâld.<ref>[http://www.mnp.nl/en/dossiers/Climatechange/moreinfo/Chinanowno1inCO2emissionsUSAinsecondposition.html China now no. 1 in CO2 emissions; USA in second position], Netherlands Environmental Assessment Agency</ref> De Feriene Steaten is ferantwurdlik foar 21,44 persint fan de CO<sub>2</sub>-emysje op de wrâld.<ref>[http://www.germanwatch.org/klima/ksi.htm Klimaschutz-Index 2008]</ref> Bill Clinton ûnderteken oan 'e ein fan syn amtsperioade wol it Kyoto-protokol, mar dat waard net ratifisearre troch it Kongres. Reden foar it Kongres en âld-presidint George W. Bush om net te ratifisearjen wie de eangst dat it Kyoto-protokol de Amerikaanske ekonomy skeine kinne soe. Op it mêd fan miljeu wurde der frijwillige maatregels nommen en subsydzje takend foar ûndersyk. In pear steaten lykas Kalifornje komme mei wol dúdlike regels en besykje de útstjit fan CO<sub>2</sub> wol te ferminderjen.
 
Yn it jier 1973 waard abortus mooglik troch it [[Roe v. Wade]] oardiel fan de heechste rjochtbank. It foech oer abortus leit by de steaten. Ferskate steaten hawwe ekstra juridyske regels fêstlein lykas in ferplicht petear, ferplichte tiid om nei te tinken, foarskriften foar kliniken of tastimming fan de âlden by minderjierrigen.
 
=== Bûtenlânske polityk & definsje ===
[[Ofbyld:Hague Clinton May 14 2010 Crop.jpeg|thumb|250px|De Britske Minister fan Bûtenlânske Saken William Hague mei de Amerikaanske Minister fan Bûtenlânske Saken Hillary Clinton]]
Fan it begjin fan de ûnôfhinklikens fan de tretjin kolony's yn 1776 en oan de [[Earste Wrâldkriich]] ta sloech it politike [[isolasjonisme]] foar master op. Sels yn de Twadde Wrâldkriich wie it stribjen om sa min mooglik yn ynternasjonale saken/konflikten behelle te wurden. Mei de Earste Wrâldkriich en it ynsetten fan Amerikaanske militêren yn Jeropa moast de Feriene Steaten him foar it earst wol om bûtenlânske saken bekroadzje. Mei de [[oanfal op Pearl Harbor]] wie it isolasjonisme definityf oan syn ein kaam. Dêrfoar kaam, mei troch de Twadde Wrâldkriich en de dêrop folgjende [[Kâlde kriich]], it politike ynternasjonalisme. De Feriene Steaten wie in supermacht wurden en sa krige bûtenlânske saken mear prioriteit as yn it ferline.
 
Op it mêd fan bûtenlânske polityk hat de Feriene Steaten hjoed-de-dei in (faak wichtige) stim yn ynternasjonale organisaasjes lykas de [[G8]],<ref>[http://www.g8.utoronto.ca/what_is_g8.html Wat is de G8] útlis oer de G8 yn it Ingelsk fan it G8 ynformaasje sintrum</ref> de [[G20]], de [[NAFO]] en de [[Feriene Naasjes]]. Dêrmei hat in de Feriene Steaten in aardich grutte politike, ekonomyske en militêre ynfloed oer de hiele wrâld. De measte lannen hawwe ambassades yn Washington, D.C. en konsulaten rûnom yn de gruttere stêden. Oarsom hawwe oare lannen ek Amerikaanske ambassades en konsulaten. Allinnich Kuba, Iran, Noard-Korea, Bûtan en de Republyk Sina (Taiwan) hawwe gjin diplomatyske bannen mei de Feriene Steaten. Yn 2008 joech de Feriene Steaten $25,4 miljard út oan ûntwikkelingshelp, it heechste bedrach fan alle lannen op 'e wrâld. Lykwols is de Amerikaanske bydrage oan ynternasjonale ûntwikkelingshelp mei sa rûchwei 0,2 persint fan it [[bruto nasjonaal ynkommen]] in stik leger as de bydragen fan Sweden (1,04%) en it Feriene Keninkryk (0,52%). Lykwols wurde in soad goede ynternasjonale doelen net troch de steat betelle mar troch de Amerikanen sels.<ref>Anup Shah: [http://www.globalissues.org/article/35/foreign-aid-development-assistance Foreign Aid for Development Assistance (publisearre op 8 april 2012)] op globalissues.org (sjoen op 19 juny 2012)</ref>
 
[[Ofbyld:USS Abraham Lincoln(CVN 72).jpg|thumb|left|Fleandekskip USS Abraham Lincoln]]
De Feriene Steaten hat in "bysûndere politike bân" mei it [[Feriene Keninkryk]] en sterke bannen mei [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]], de [[Filipinen]], [[Japan]], [[Súd-Korea]], [[Israel]], en ferskate Jeropeeske lannen. Yn it ramt fan militêre feiligens wurket de Feriene Steaten gear mei oare NAFO-lannen en mei oare lannen yn Noard- en Súd-Amearika yn de Organization of American States. Dêrneist binne der hannelsferdraggen lykas it trilaterale North American Free Trade Agreement mei Kanada en Meksiko. Neffens in publikaasje fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje hat de Feriene Steaten 766 militêre basissen yn 40 lannen.<ref>Amerikaanske Ministearje fan Definsje: [http://web.archive.org/web/20070221114832/http://www.acq.osd.mil/ie/irm/irm_library/BSR2006Baseline.pdf Base Structure Report] fan 2006</ref> Ofhinklik fan de publike opiny yn it lân krije bepaalde bûtenlânske saken bysûnder omtinken. Dy saken wurde kategorisearre mei grutte morele titels as de "striid tsjin it terrorisme" (War on Terror), de "striid tsjin drugs" (War on Drugs) en de "striid tsjin earmoed" (War on Poverty).
 
[[Ofbyld:Weltweite militärische Präsenz der Vereinigten Staaten.png|250px|thumb|Sprieding fan Amerikaanske militêren en gebietskommando's oer de wrâld.]]
It budzjet fan it Amerikaanske leger wie 574.940.000.000 [[Amerikaanske Dollar|dollar]] yn 2008.<ref>NAFO-parseberjocht: [http://www.nato.int/nato_static/assets/pdf/pdf_2009_02/2009_03_D34F22C9AE854B7FAA0BB409A21C90D3_p09-009.pdf Financial and Economic Data Relating to NATO Defence] sjoch ''Table 1 : Defence expenditures of NATO countries''</ref> Dêrmei hat de Feriene Steaten it grutste militêre budzjet fan alle lannen fan de wrâld. Nei de Folksrepublyk Sina hat de Feriene Steaten it twadgrutste leger fan de wrâld. Neffens de aktuele militêre doktrine moat de Feriene Steaten by steat wêze om witwêr op de wrâld twa ferskillende regionale konflikten tagelyk mei sukses útfjochtsje te kinnen.
 
De organisaasje fan de Amerikaanske definsje hat fiif haadûnderdielen: de lânmacht (Army; rûchwei 570.000 militêren), loftmacht ([[United States Air Force|Air Force]] 335.000 militêren), marine (navy; 328.000 militêren), marinierskorps (Marine Corps; 201.000 militêren). Mei-inoar wienen dat op 31 maart 2012 sa likernôch 1.435.000 militêren.<ref>[http://siadapp.dmdc.osd.mil/personnel/MILITARY/ms0.pdf Armed Forces strength figures for March 31, 2012]</ref> De kustwacht (US Coast Guard; 43.000) is formeel gjin ûnderdiel fan it leger, mar is ûnderdiel fan it Department of Homeland Security. Yn tiden fan kriich wurdt de kustwacht lykwols ûnderdiel fan it Department of the Navy. Sawol de lân- as loftmacht hawwe (Air) National Guard Units (reservisten). De reservisten binne ornaris falle ûnder de gouverneur fan de steat dêr't se yn tsjinst lizze, mar kinne nei oanwizing fan de presidint tafoege wurde oan it Amerikaanske leger yn it bûtenlân. Sûnt de [[Fietnamkriich]] is de tsjinstplicht ôfskaft.
 
== Demografy ==