Het Noorderlicht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2487198
L [[]]
Rigel 1:
'''It Noarderljocht''' wie in yllegale [[kommunisme|kommunistyske]] [[krante]] dy’t stinsile waard yn in oplage fan 100-300 eksimplaren en in pear kear yn de de [[WKII|oarlochsjierren 1940-1941]] ferspraat waard yn Noard-Nederlân.
 
It ûntstean fan It Noarderljocht is rjochtstreeks ferbûn mei it beslút fan de [[Dútslân|Dútske]] besetters de [[Kommunistyske Partij fan Nederlân]] (CPN) en har krante it [[Folksdeiblêd]] te ferbieden. As yllegale opfolger fan It Folksdeiblêd ferskynde yn novimber 1940 [[De Wierheid]]. As regionale edysjes fan De Wierheid ferskynden tagelyk kranten as De Fonk, Tribune, It Kompas en It Noarderljocht. Dizze lêste ferskynde benammen yn [[Grinslân]] en [[Fryslân]] en waard fanút Grins opset troch [[Jan Herder]] dy’t troch de CPN oanwiisd wie as ynstrukteur by it opbouwen fan in yllegale organisaasje yn it noarden fan Nederlân.
Rigel 12:
Doe’t de Noarderljochtgroep yn Grins yn febrewaris 1941 oprôle waard, waard It Noarderljocht op 5 maart 1941 foar de earste en lêste kear yn Ljouwert makke yn de Insulindestrjitte by Eds en Klaaske van der Heide en fan dêrút ferspraat. Koart dêrnei waarden hast alle meiwurkers arrestearre.
 
Yn Grins waarden ûngefear 55 minsken fan de Noarderljochtgroepen arrestearre en nei konsintraasjekampen[[konsintraasjekamp]]en brocht. Mar in lyts part dêrfan hat it der levendlibben ôfbrocht.
 
Dat lot trof ek de measten dy’t meiwurken oan It Noarderljocht yn Fryslân:
* Siebe Bos kaam om yn 1942 yn it [[konsintraasjekamp]] [[Buchenwald]].
* Frans Dalstra kaam om yn 1942 yn it konsintraasjekamp [[Groß-Rosen]].
* Dirk Faber kaam om yn 1945 yn it [[konsintraasjekamp Sachsenhausen]].
Rigel 30:
 
== Literatuer ==
* Pieter van den Berg., It Noarderljocht, in lytse skiednis fan in yllegaal kommunistysk bled in Fryslân yn de oarlochsjierren 1940-1941. Ljouwert, 1982.
* Hoe’t Grins stried. Provinsjaal tinkboek fan it ferset 1940-1945. Grins, 1949.
* De Wierheid, edysje Fryslân, 27 augustus 1945).
* P. Popma en K. Zondag., Ferhalen oer Lemsterlân yn de Twadde Wrâldkriich. Gemeente Lemsterlân, 1995.
* Hans van den Heuvel en Gerard Mulder, It Frije Wurd, de yllegale parse yn Nederlân 1940-1945. Den Haach, 1990.