Cascades: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 9:
De Cascades binne lykas de [[Sierra Nevada]] en de Pasifyske Kustberchtmes ûntstean sûnt it [[Oligoseen]] (likernôch 30 miljoen jier ferlyn), as gefolch fan de pleatslike [[platentektonyk]]. It efterlizzende proses is dat de (oseanyske) Farallonplaat ûnder de westlike râne fan Noard-Amearika skoot, wêrby it opwaarme wurdt, wêrtroch [[Magma (stiente)|magma]] foarme wurdt. Dit magma stiget op en dat feroarsaket op syn bart oan it ierdoerflak fulkanisme.
 
Oer de rin fan miljoenen jierren hawwe der ôfwikseljend perioades west fan wêrbydêr't it rêstich iswie mei út en troch perioades fan fulkanyske aktiviteiten. Mei de útsûndering fan de útbarsting fan Lassen Peak yn it ''Lassen Volcanic National Park'' yn it noarden fan Kalifornje wiene de fulkanen mear as in ieu rêstich, oant 18 maaie 1980. Op dy dei soarge in grutte útbarsting fan Mount Saint Helens foar nijs wrâldwiid. Geologen hiene noed dat it in begjin wie fan fernijde fulkanyske aktiviteit yn it gebiet, lykas yn de perioade fan 1800 oant 1857 doe't der yn totaal 8 útbarstings wiene. Der hawwe sûnt doe lykwols gjin útbarstings mear west.
 
==Skiednis==