Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6:
Wurke tusken 2002-2004 foar de [[Fryske Akademy]], oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2009 begûn Popkema mei in Frysk taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.
 
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas ''Ik pak myn bibleteek út'' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Earder al is er begûn mei it oersetten fan it boek ''The Hobbit'' fan [[J.R.R. Tolkien]], dat yn [[2009]] ferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. Yn 2012 krige Popkema foar dizze oersetting de Obe Postmapriis, de trijejierlikse provinsjale priis foar literêre oersettings. Ein 2012 ferskynde Mearkes fan Grimm, in yllustrearre oersetting fan 50 Grimm-ferhalen.
 
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en it ''Deutsches Rechtswörterbuch'' (sûnt 2009). Krige yn [[2007]] de ''Laurence Urdang Euralex Award''. Waard yn [[2009]] beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Popkema wurketwurke dêrneistfan 2010-2012 as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder bestjoerslidfoarsitter fan de Stifting ''Eigen Honk Bernlef'', bestjoerslid fan it Skriuwersboun en fan it ''Nammekundich Wurkferbân'' fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.
 
Popkema skriuwt geregeld taalwedstriden út: ein 2011 foar Fryske [['gévisme]]n', en earder dat jier foar it moaiste Fryske [[palindroom]]. Hy joech yn juny 2010 in kursus Frysk oan [[Ron Jans]], doe't dy krekt trainer fan [[SK It Hearrenfean]] wurden wie. Popkema makke ek de oersetting fan de earste Frysktalige Donald Duck, dy't yn april 2012 útkaam by de Afûk yn Ljouwert. Dat is mei 50.000 eksimplaren ien fan de bêst ferkochte Frysktalige publikaasje oait wurden.
 
Yn 2013 hat Popkema mei twa kollega's de Grinzer/Fryske Ujtouwerij Regaad oprjochte, dy't yn maart 2014 Popkema's oersetting De skacht en de slinger (E.A. Poe) as earste publikaasje útbrocht hat. Popkema wurket op 't heden oan in oersetting fan De scheepsjongens van Bontekoe, dy't begjin 2015 ferskine sil by Regaad.
 
== Oersettings [seleksje] ==
* ''Ik pak myn bibleteek út'' ([[Walter Benjamin]], 2004 )
* ''De harksizzer. Fyftjin karaktersketsen'' ([[Elias Canetti]], 2007)
* (Dielen fan) Goffe Jensma e.o. ''De kanon fan Fryslân yn 11 en 30 finsters''. Afûk. Ljouwert (Fryske parallelútjefte fan: ''De canon van Friesland yn 11 en 30 finsters. (2008)
Line 20 ⟶ 22:
* Fryske ''[[Donald Duck]]'' (april 2012, [[Afûk]] y.g.m. Sanoma)
* ''[[Mearkes fan Grimm]]'' ([[Bruorren Grimm]], 2012)
* De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (Erik Betten, Wijdemeer 2013)
* Djipte, De skiednis fan in gat (Atte Jongstra; kadoboek Moanne fan it Fryske boek, Tresoar 2013)
* De skacht en de slinger ([[Edgar Allan Poe]], 2014)
 
== Wittenskiplike publikaasjes [seleksje] ==
Line 31 ⟶ 36:
* (2009) ‘Die Bedeutung des Altfriesischen für die Erforschung des germanischen Rechtswortschatzes und vice versa’, in: Deutsch, Andreas (Hg.), Das Deutsche Rechtswörterbuch: Perspektiven. Heidelberg, 2009 (siden 73-90).
* (2010) ‘State of the Art of the Lexicography of European Lesser Used or Non-State Languages’, in: Dykstra, Anne & Schoonheim, Tanneke (eds.), Proceedings of the XIV Euralex International Congress. Ljouwert 2010, s. 65-98.
* (op kommendeweis yn 2012) ‘Eine Perspektive der altfriesischen Lexicographie? Zu einem Online-Belegwörterbuch des Altfriesischen’, in: Philologia Frisica anno 2008. Lêzingen fan it Achttjinde Frysk Filologekongres 10, 11 en 12 desimber 2008. Ljouwert.
* (2013) On the Origin of All Evil: The Old Frisian Collocation grimme herne and its Modern Use', in: Jarich Hoekstra (Hg.), Twenty-Nine Smiles for Alastair. Freundesgabe für Dr. Alastair G.H. Walker ). Kiel 2013, pp. 195-207.
 
 
Line 38 ⟶ 44:
* [http://rug.academia.edu/AnnePopkema List mei wittenskiplike publikaasjes]
}}
* http://regaad.nl
 
{{DEFAULTSORT:Popkema, Anne Tjerk}}