Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 2:
'''Anne Tjerk Popkema''' ([[Burgum]], [[1975]]), is in skriuwer, oersetter en [[Frysk]] taalûndersiker. Hy hat in Frysk taalburo yn Grins: Taalburo Popkema.
 
== Biografy ==
IsPopkema is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium (no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ferhuze yn 1994 nei [[Grins (stêd)|Grins]] en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening [[FFJ Bernlef]]. Nei in jier oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk oan de [[Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Studearre dêr yn [[2002]] ôf yn de rjochting Midsieusk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp ''wei'' oantsjut waard.
 
Wurke tusken 2002-2004 foar de [[Fryske Akademy]], oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2009 begûn Popkema mei in Frysk taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.
 
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas ''Ik pak myn bibleteek út'' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Earder al is er begûn mei it oersetten fan it boek ''The Hobbit'' fan [[J.R.R. Tolkien]], dat yn [[2009]] ferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. Yn 2012 krige Popkema foar dizzedy oersetting de [[Obe Postmapriis]], de trijejierlikse provinsjale priis foar literêre oersettings. Ein 2012 ferskynde Mearkes fan Grimm, in yllustrearre oersetting fan 50 Grimm-ferhalen.
 
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en it ''Deutsches Rechtswörterbuch'' (sûnt 2009). Krige yn [[2007]] de ''Laurence Urdang Euralex Award''. Waard yn [[2009]] beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Popkema wurke fan 2010-2012 as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder foarsitter fan de Stifting ''Eigen Honk Bernlef'', bestjoerslid fan it Skriuwersboun en fan it ''Nammekundich Wurkferbân'' fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.
 
Popkema skriuwt geregeldgeregeldwei taalwedstriden út: ein 2011 foar Fryske [['gévisme]]n', en earder dat jier foar it moaiste Fryske [[palindroom]]. Hy joech yn juny 2010 in kursus Frysk oan [[Ron Jans]], doe't dy krekt trainer fan [[SK It Hearrenfean]] wurden wie. Popkema makke ek de oersetting fan de earste Frysktalige ''[[Donald Duck]]'', dy't yn april 2012 útkaam by de [[Afûk]] yn Ljouwert. Dat is mei 50.000 eksimplaren ien fan de bêst ferkochte Frysktalige publikaasje oaitea wurden.
 
Yn 2013 hat Popkema mei twa kollega's de Grinzer/Fryske Ujtouwerij[[Utjouwerij Regaad]] oprjochte, dy't yn maart 2014 Popkema's oersetting De skacht en de slinger (E.A. Poe) as earste publikaasje útbrocht hat. Popkema wurket op 't heden oan in oersetting fan ''De scheepsjongens van Bontekoe'', dy't begjin 2015 ferskine sil by Regaad.
 
== Oersettings [seleksje] ==