Polygoonsjoernaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
L [[]]
Rigel 1:
It '''Polygoon-sjoernaal''' is in sammelnamme foar twa Nederlânske[[Nederlân]]ske bioskoopsjoernaals, nammentlik ''Neerlands Nieuws'' en ''Polygoon Wereldnieuws'', beide makke troch de firma Polygoon-Profilti.
[[File:Polygoon_1000ste_Hollands_Nieuws_speech_door_de_heer_Van_Staveren.ogv|thumb|right|250px|D. van Staveren sprekt by gelegenheid fan de 1000e ôflevering fan it Polygoon Hollânsk Nijs]]
 
==Skiednis==
Polygoon-Profilti is yn [[1919]] oprjochte fan [[Julius Stoop]] en makke oarspronklik tuskentitels foar [[stomme film]]s. Yn [[1921]] sette Polygoon-Profilti útein mei it sels meitsjen fan opdrachtfilms, lykas yn it bûtenlân [[Pathé]] (Frankryk) en [[Fox Film Corporation|Fox Movietone News]] (Feriene Steaten) al diene. Jannewaris 1924 begûne de earste wyklikse filmsjoernaals ûnder de titel 'Hollandsch Nieuws'. Yn't earstoan wiene dy om de twa wike en fan begjin jierren tritich (20e ieu) ôf oan wiene dy alle wiken te sjen yn de [[bioskoop]]. Yn dy jierren kaam ek de lûdsfilm op. ''"Waar zij (de kameramannen) niet zijn, is niets te doen"'' wie it biedwurd fan Polygoon. De ''tune'' fan it Polygoon-sjoernaal wie in fariaasje op de bekende wize fan ''[[Mijn Nederland]]''.
 
De klam lei hieltyd op objektiviteit en betrouberens fan it nijs; oan de oare kant moast Polygoon as kommersjeel bedriuw oppasse foar it fan him ferfjemdzjen fan it bioskooppublyk. Dêrom hiene sy in foarkar foar ûnderwerpen dy't net al te moeilik wiene en dy't moaie bylden opleveren. Sa drige der yn kabinetskrisis yn 1935, dy't it sjoernaal helle middels in taspraak fan [[Hendrikus Colijn|Colijn]] dy't de sjogger oproep om mar kalm ôf te wachtsjen: ''Laat uw vakantie niet in de war sturen door nieuwe zenuwachtigheid''. Ek wie it benei altyd moai waar yn Nederlân neffens de bylden fan it sjoernaal. Sels de Dútske ynfal yn Nederlân yn [[1940]] waard brocht yn loftige bylden, sa liet men in famke sjen dy't in presintsje oan in Dútske soldaat jout.
Rigel 15:
It sjoernaal brocht bysûndere bylden, lykas de besite fan [[The Beatles]] oan Amsterdam en it tichtsjen fan it lêste gat fan de [[Ofslútdyk]], it [[bombardemint op Rotterdam]] en in soad filmbylden fan it [[Nederlânsk keningshûs]].
 
Dat it publyk belang fan Polygoon wie in feit. Doe't it der yn [[1963]] op like dat it Polygoon-sjoernaal ophâlde moast fanwege jildkrapte en in oerheid dy't net stypje woe, waard it publyk lilk en de filmwrâld noaske it ek net. Dat hie súkses en de oerheid gie om: middels subsydzjes waard it sjoernaal oant [[1984]] yn stân holden.
 
It Polygoon-sjoernaal bestie oant 1987. Doe wie it bioskoopsjoernaal foarfêst ynhelle troch de deistige televyzjesjoernaals. It argyf waard yn 1984 foar fjouwer miljoen gûne oernaam troch de [[Nederlandse Omroep Stichting]], letter it [[Nederlands Omroepproduktie Bedrijf|NOB]] en wurdt no beheard troch it [[Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid]] yn Hilfertsom. Yn it ramt fan it ''Open Beelden-project'', jout it ynstitút geregeldwei Polygoon-sjoernaals ta foldwaan fan [[Wikimedia Commons]].