Ferskil tusken ferzjes fan "Michael Jackson"

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bewurkings fan "70.190.219.177" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Xqbot".)
[[Ofbyld:Michael Jackson in Vegas cropped-2.jpg|thumb|Jackson yn [[2003]]]]
[[Ofbyld:Michael Jackson 1984.jpg|thumb|Jackson yn [[1984]]]]
'''Michael Joseph Jackson''' ([[Gary (Indiana)]], [[29 augustus]] [[1958]] - [[Los Angeles]], [[25 juny]] [[2009]]) wie in Amerikaanske [[popmuzyk|popsjonger]]. Hy wurdt ta de populêrste sjongers fan de 20e ieu rekkene. Jackson ûnderskate him mei troch syn hege werkenbere [[Kastraat]]eftige sjongstim, syn dûnsen (bygelyks syn 'Moonwalk') en syn grutte muzikaal ferskaat.
 
Jackson is hikke en tein in de stêd Gary yn de steat [[Indiana]], it is in yndustriëel gebiet en in foarstêd fan [[Chicago]]. By him thús wienen se mei njoggen bern, dêr't Jackson de sânde fan wie. Syn mem wie by de Jehova's Tsjûgen. Syn heit hat him geastlik en lichaamlik tramtearre, hy twong syn bern om te sjongen sûnder skoft. De tramtaasjes dy't er as bern krigen hat hawwe him foar de rest fan syn libben skeind.
 
[[Ofbyld:Michael Jackson 1984.jpg|thumb|Jackson yn [[1984]]]]
Jackson stie al as lytse jonge op it poadium mei syn bruorren, as ''The Jackson 5'', mei in kontrakt by [[Motown]]. As tsiener, begûn er yn 1971 in solokarriêre. De tachtiger jierren wiene syn toptiid. Hy hie it measte súkses mei it album ''Thriller'', dêr't hast 108 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne en dat al mear as 25 jier it bêst ferkochte album ea is. Ek it album 'Bad' wie oeral op de wrâld in súkses.
 
Anonime meidogger