Mantgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
DDurk (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Mantgum''' is in [[terp|terpdoarp]] yn de [[Fryslân|Fryske]] gemeente [[Littenseradiel]] mei likernôch 980 ynwenners. It doarp leit tusken [[Ljouwert]] en [[Snits]], oan it [[Spoar fan Ljouwert nei Starum|spoar tusken dyselde plakken]].
 
== Skiednis ==
Mantgum wie earder it haadplak fan de gemeente [[Baarderadiel]] en luts in soad rinteniers. Fanwege sokke rike minsken krigen de ynwenners fan Mantgum de skelnamme ''Kaäniten'', in ferwizing nei in ryk folk út de Bibel. Yn it doarp steane dan ek in grut tal monumintale wenten fan de neoklassike styl mei rejale tunen faak mei âlde beammen en ien sels ynrjochte as in 'Ingelske tún' (túnstyl).
It doarp Mantgum wurdt yn 1329 foar it earst neamd ûnder de namme Mantinga-heem. It leit dan nêst de terp Szentinge, dy't ferdwynt. Yn 1580 ferienet Mantgym har tsjerklike gemeente mei dy fan Skillaerd, beide tsjerken wiene al wijd oan de [[Heilige Faam Marije]]. Mantgum wurdt yn de widere wrâld belutsen troch Seerp fan Galema, fan de eardere state fan Hokswier benoarden Mantgum, dy't him tsjin de Spanjaarden set en troch Alva ferballe wurdt (yn 1572, weromkaam yn 1576).
 
Yn 1796 hat it doarp 203 ynwenners (mei Skillaerd der by rekkene). Op dat stuit binne noch 50 roomsk, mar dat ferdwynt. Mantgum begjint rinteniers te lûken, en sa komt it dat yn it doarp in grut tal monumintale wenten steane fan de neoklassike styl mei rejale tunen faak mei âlde beammen en ien sels ynrjochte as in 'Ingelske tún' (túnstyl). It plak sil it haadplak fan de gemeente [[Baarderadiel]] wurde, en hat it gemeentehûs oant yn [[1984]] troch de [[gemeentlike weryndieling]] Littenseradiel foarme wurdt út Baarderadiel en [[Hinnaarderadiel]] en it gemeentehûs yn [[Wommels]] komt te stean. It feit dat de boargemaster earst noch in stikmannich jier yn Mantgum wennet, sint de Wommelsers net.
Nei eardere útwreidings is yn de 90-er jierren fan de foarige en earste jierren fan de nije ieu yn Mantgum in soad oan nijbou dien, mei om't it spoar it doarp foar forinzen in gaadlik plak makket. De nijbou hat ek grêften krigen sadat men oan it wetter wennet. Dit stiet fia de [[Mantgumer Feart]] yn ferbining mei de [[Swette]]. Der is ek in lytse passantenhaven.
 
Mantgum is op dat stuit oan it groeien. Nei eardere útwreidings is yn de 90-er jierren fan de foarige en earste jierren fan de nije ieu yn Mantgum in soad oan nijbou dien, mei om't it spoar it doarp foar forinzen in gaadlik plak makket. De lêste nijbou hat ek grêften krigen sadat mender oan it wetter wennetwenne wurde kin. Dit stiet fia de [[Mantgumer Feart]] yn ferbining mei de [[Swette]]. Der is ek in lytse passantenhaven.
Yn dy jierren is ek it mienskipssintrum ''De Wjukken'' boud as ferfanging foar it âlde sintrum ''De Wjuk'', dat net mear foldie oan de easken fan de tiid. It nije sintrum, dat troch de arsjitektuer in opfallend plak ynnimt yn it oansjen fan it doarp, wurdt brûkt as doarpshûs, mar der is ek klaairomte foar de [[Keatsferiening Jacob Klaver|keats-]], tennis- en [[Kuorbalferiening WWC|kuorbal]]ferienings. Boppedat sit der yn it sintrum in jongereinhonk.
 
Yn dy jierren is ek it mienskipssintrum ''De Wjukken'' boud as ferfanging foar it âlde sintrum ''De Wjuk'', dat net mear foldie oan de easken fan de tiid (''De Wjuk'' wie de eartiidske skoalle en is no in wenhûs). It nije sintrum, dat troch de arsjitektuer in opfallend plak ynnimt yn it oansjen fan de eastkant fan it doarp, wurdt brûkt as doarpshûs, mar der is ek klaairomte foar de [[Keatsferiening Jacob Klaver|keats-]], tennis- en [[Kuorbalferiening WWC|kuorbal]]ferienings. Boppedat sit der yn it sintrum in jongereinhonk.
 
== Namme ==
De namme Mantgum is de ferkoarte ferzje fan de froegere namme, Mantinga-heem, it hiem fan de Mantinga's. De Mantinga's joegen har namme oan Mantgum en hienen sels har namme fan harren sibbe Mante krigen. De namme Mantinga-heem is fia Mantingum ferwurden ta Mantgum.
 
In sêge wol ha dat de namme komt fan in rûzje tusken twa susters (Mantua en Gezina) dy't in tsjerke bouwe woenen. Mantua neamde har sus in 'schilaard' (in dwerskop), en sa kaam it dat Mantua in tsjerke boude dy't de namme Mantgum krige en har sus in tsjerke dy't de namme Skillaerd krige.
 
De skelnamme fan Mantgum is ''Kaäniten''. Dizze namme is sa rûn 1850 ûntstien doe't de rinteniers begûnen te kommen en de Mantgumer tsjerke ryk wie. Fanwege sokke rykdom krigen de Mantgumers dizze skelnamme, in ferwizing nei in ryk folk út de Bibel.
 
== Buertskippen ==
Ta it doarpsgebiet fan Mantgum hearre ek de buertskippen [[Jeth]], [[Tsjeintgum]] en [[Skillaerd]].
 
== Literatuer ==
* Geakundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy, ''Baerderadiel, in geakunde'', Ljouwert, 1957
 
[[Kategory:Littenseradiel]]