Moraal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
moraal
Godstsjinst
Rigel 1:
De '''moraal''' is it stelsel fan wearden en noarmen dat feitlikens foar in bepaalde groep jildt.
 
De moraal soe werspegele wêze moatte yn de [[wet]] en yn de [[godstjinstgodstsjinst]]. Lykwols binne dy ôfspegelings net folslein en ek kin de moraal fan parten fan in groep, feitlikens wer lytsere groepen, wer ôfwike fan dy fan de hiele groep. Hjirtroch binne [[seden]], de brûkmen dy't bassearre binne op de moraal, neffens de moraal goed, of soms sels easke, wylst se neffens de wet dochs strafber of neffens de godtsjinst dochs sûndich wêze kinne.
 
Dit probleem jildt fral foar nijkommers yn in groep, lykas ymmigranten en bekearlingen. Undersyk hat oantoant dat der al wearden binne dy't foar hast alle minsken itselde binne, mar de noarmen dy't dêrop bassearre binne, ferskille tusken kultueren. Dy ferskillen komme fuort út ferskillen yn de rangoarder fan dy wearden tusken ferskillende kultueren en troch ferskillen yn de libbensomstannichheden fan de groep. Dêrtroch kin de moraal fan in ymmigrant út in oare kultuer bot ôfwyke fan de moraal dy't yn syn nije lân yn de wet dellein is. En op deselde wize kin de moraal fan de bekearling dochs fier ôfstean fan syn nije leauwen.