Brunoanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L skriuwflaterke
Rigel 23:
 
==Delgong==
De Brunoanen hienen nauwe famyljebannen mei de keningen en keizers fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. In oantal Brunoanen besochten sels om't keizer te wurden. Yn [[1067]] hie [[Egbert I]] dêrby gjin sukses en gong de keizerstitel nei syn neef [[Hindrik IV]]. Syn soan, [[Egbert II]], hat dizze keizer ferskate kearen bestriden en ferlear derby lykwols syn rjochten op sawol de Saksyke as de Fryske greefskippen. De keizer joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Greve [[Egbert II]] kaam dêrtsjin yn opstân mar waard ferslein en op 'e flecht jije. Troch oanhâldende diplomasy fan de famylje krige yn [[1090]] [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) dy't trout wie mei [[Gertrudis fan Brunswyk|Gertudis]]. in suster fan Egbert it greefskip werom. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dy syn dea einige it tiidrek fan de Brunoanen yn Fryslân en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein.
 
==Literatuer==