Fryske Akademy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (Selsskips)st.
Rigel 10:
 
== Stavering fan it Frysk ==
Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wie it skriuwen fan de Fryske stavering it wurk fan persoanen lykas [[Gysbert Japiks]], [[Joast Hiddes Halbertsma]] en [[Harmen Sytstra]]. De [[SelskipstaveringSelskipsstavering]] fan 1879 wie de earste dy't kollektyf fêstlein waard. De Fryske Akademy waard oprjochte yn [[1938]] en hold him fuort al dwaande mei staveringssaken. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de [[Akademystavering]]. By de staveringsferoaring fan 1945 wie gjin dúdlike regeling foar de stavering fan frjemde wurden makke. Dêrom publisearre de Fryske Akademy yn 1952 in ''List fan frjemde wurden''. Yn 1969 helle de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân it foech oangeande de Fryske stavering nei him ta. Yn de praktyk nei 1969 wie de Fryske Akademy de útfierende en riejouwende ynstânsje op it mêd fan stavering. Foar de [[Steatestavering]] fan 1980 hat de Fryske Akademy advys jûn oan Provinsjale Steaten. Nei it fêststellen fan de stavering fan frjemde wurden troch Deputearre Steaten yn 1982 wie der ferlet fan in nije list fan frjemde wurden. De ''Nije list fan frjemde wurden'' ferskynde yn 1993 en wie gearstald troch de Fryske Akademy. Yn it jier 2000 is in twadde printinge ferskynd, oanfolle mei nije frjemde wurden.
 
== Literatuer ==