Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ plaatsje
Tink dat de side der sa noch moaier útsjocht. Jim ek?
Rigel 6:
 
== Libben ==
[[Ofbyld:140503 Wipstraat 6 (Gysbert Japicxhûs) Bolsward Fr NL.jpg|thumb|left|180px|It hjoeddeistige museum ''Gysbert Japicxhûs'' ynwie Boalsert, synit bertehûs (nofan museum)Gysbert (2014)Japiks.]]
Gysbert Japiks kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij as soan fan Jacob Gysberts. Syn heit wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de Latynske en learde ta skoalmaster. As sadanich waard er yn 1625 te Wytmarsum beneamd, yn 1637 begûn er as skoalmaster yn syn berteplak Boalsert.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
Line 57 ⟶ 58:
 
== Betsjutting ==
[[Ofbyld:Boalsert - tinkstien Gysbert Japicx.jpg|thumb|left|170px|Tinkstien foarynmitsele Gysbert Japiks opyn de Gysbert Japiksbrêge yn Boalsert.]]
[[Ofbyld:Stanbyld GysbertJapiks byMartinytsjerkeBoalsert.JPG|thumb|180px|Stânbyld fan Gysbert Japiks neist de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke fan Boalsert]].]]
Gysbert Japiks hat yn de Fryske literatuer gâns betsjutting krigen omdat er op in heech nivo dichtwurken makke, yn in tiid dat it Frysk net folle skreaun waard. Gysbert Japiks moat al by syn libben nasjonale en ynternasjonale bekendheid hân hawwe. Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
Line 75 ⟶ 78:
*[http://www.gysbertjapicx.nl Gysbert Japiks Museum]
*[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
<gallery>
Ofbyld:Boalsert - tinkstien Gysbert Japicx.jpg|Tinkstien foar Gysbert Japiks op de Gysbert Japiksbrêge yn Boalsert.
Ofbyld:Buste Gysbert Japix Martinytsjerke Boalsert.jpg|Boarstbyld Gysbert Japiks yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] fan Boalsert, ±1930
Ofbyld:Stanbyld GysbertJapiks byMartinytsjerkeBoalsert.JPG|Stânbyld fan Gysbert Japiks neist de Martinytsjerke fan Boalsert
Ofbyld:140503 Wipstraat 6 (Gysbert Japicxhûs) Bolsward Fr NL.jpg|It ''Gysbert Japicxhûs'' yn Boalsert, syn bertehûs (no museum) (2014)
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=