Ynterfryske Flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + grut stik oanfolling
L The file Image:All_Frisian_flag_Scandinavial_model_.svg has been replaced by Image:All_Frisian_flag_Scandinavial_model.svg by administrator commons:User:Steinsplitter: ''Robot: Removing space(s) before file extension''. ''[[m:User:Common...
Rigel 2:
 
==Earste útstel fan de Groep fan Auwerk (2006)==
[[Ofbyld:All Frisian flag Scandinavial model All_Frisian_flag_Scandinavial_model.svg|thumb|right|250px|It earste útstel fan 'e Groep fan Auwerk, út [[2006]], sa't dat oeral toand wurdt, mei herten ynstee fan pompeblêden en in foutyf krús (te min romte tusken de fertikale balke en de lofterrâne fan 'e flagge).]]
[[File:Ynterfryske Flagge-útstel 2006 Groep fan Auwerk.PNG|thumb|right|250px|Ferbettere ôfbylding, mei echte pompeblêden en in ferbettere krús.]]
Yn 'e simmer fan [[2006]] kaam de Groep fan Auwerk mei in útstel foar in ynterfryske flagge dat basearre wie op 'e flaggen fan 'e [[Skandinaavje|Skandinavyske lannen]]. It ûntwerp wie makke yn gearwurking mei de [[Fryske Rie foar Heraldyk]], en bestie út in goudgiel fjild mei in wyt lizzend krús (ek wol Skandinavysk krús neamd), dat in blauwe râne hie. De ferhâldings fan it krús en de râne binne gelyk binne oan dy op 'e flaggen fan û.m. [[Noarwegen]] en [[Iislân]]. Yn 'e binnenhoeken fan 'e fjouwer goudgiele flakken wiene fierders fjouwer reade [[pompeblêd]]en tafoege, dy't mei de rûne kant nei-inoar ta stiene. Op ôfbyldings dy't men op it [[ynternet]] fine kin, hawwe de pompeblêden trouwens frjemd genôch mear de foarm fan herten (en boppedat hat op dy ôfbyldings it krús ek net persiis de ferhâldings dy't it op 'e Noarske en Iislânske flaggen hat).