Operaasje Market Garden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: es:Operación Market Garden is een etalage-artikel
Rigel 28:
 
Op 22 septimber waard de grutte Dútske oanfal op de Britske Airbornes útsteld. Fuort foelen de Dútsers mei 2500 man de Poalen oan dy't dêr in dei earder dropt wienen. In Britsk ferkenningsûnderdiel fan it Britske 30e Legerkorps wist oer in omwei by Driel te kommen, wêrmei't de lêste ferbining lein wie. Der waard in plan makke om Oosterbeek te fersterkjen mei Poalske parasjutisten. Mar dy wienen drok yn 't gefjocht mei de Dútsers en hienen hast gjin boaten. Boppedat leinen de Dútsers op in hege igge wêrtroch se maklik op de Poalen sjitte koenen. Likernôch 50 stutsen mei rubberboaten de Ryn oer.
[[Ofbyld:British XXX Corps cross the road bridge at Nijmegen British_XXX_Corps_cross_the_road_bridge_at_Nijmegen.jpg|thumb|Waalbrêge by Nijmegen.]]
Neffens de boarnen soenen de Dútsers út Schijndel wei Veghel oanfalle, dêrop besletten de Amerikanen om de Dútsers yn Schijndel te ferslaan. De ferovering fan Schijndel rûn oer Heeswijk en Eerde en it doarp waard sûnder lijen beset. Wilens wienen de Dútsers mei in offensyf begûn út it easten wei nei Veghel. Wylst de Amerikanen Schijndel ynnamen heinen Dútske troepen de korridor by Eerde wer iepen en it doarp ferovere. Noardlik fan Veghel waard op 'e nij de Dútske korridor iepenbrutsen, pas nei 24 oer slagget it de [[alliearden]] om de alliearde korridor wer te iepenjen.