Pûnsmiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L útspraak
Rigel 3:
== Mjitte ==
Stikken lân waarden eartiids in protte beneamd neffens de grutte. It oerflak waard mei in namme oanjûn dy't oerienkaam mei it tal pûnsmietten dat it lân wie.
De pûnsmiet is neffens [[Van Dale]] 36,75 [[metryk stelsel|are]] grut, mar der binne lytse regionale ferskillen. Begjin [[19e ieu]] waarden de âldemjitten oan de kant skood. Ien Fryske pûnsmiet wie 1,25 [[mêd (oerflaktemjitte)|mêd]] = 0,5 [[kowegong]] = 3674,3664 m². It is in sabeare krektens, want in pûnsmiet ferskilde earder fan plak tot plak. Omdat doarpen gauris ferskillende roedes hienen, moatte de pûnsmietten dus ek ferskillend west hawwe.
 
De grûnslach fan de pûnsmiet wurdt foarme troch de ''[[keningsroede]]'': 240 kante keningsroeden meitsje in pûnsmiet. De pûnsmiet wurdt ferdield yn 12 ''einsen'', elk fan 20 kante roeden. De kante roede waard ek wol ''peinje'' of ''keningsweide'' neamd.