Janneke Spoelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L →‎Libben: typfl
Rigel 5:
Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As fanke skreau se yn it [[kuorbal]]krantsje ''de Goocheme Goaier'' en stjoerde se, oars sûnder sukses, gedichten nei de ''Lyrische Courant'' fan de [[Ljouwerter Krante]].
 
Neidat se de [[Afûk]]-diploma's A, B, C en akte helle hie, folge se de hbû-oplieding [[Frysk]] oan de [[NHL Hegeskoalle|Noordelijke Hogeschool Leeuwarden]] (NHL). Yn [[2001]] krige se in dieltiidbaan by de [[Fryske Akademy]] as korrektor fan it [[Wurdboek fan de Fryske Taal]] (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd [[Frysk en Frij (tydskrift)|Frysk & Frij]] en op de Fryske Skriuwerskalinder.
 
Yn 2000 kaam der in oersetting fan har yn it Frysk fan de roman 'Pan' fan de [[Noarwegen|Noarske]] skriuwer [[Knut Hamsun]]. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel ''Goeie is it wachtwurd'' (2004).