Annabel Lee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Sartain's annabel 1850.jpg|thumb|right|220px|It ''Sartain's Union Magazine of Literature and Art'', in publikaasje út [[1850]] út [[Philadelphia]], mei de earste autorisearre printinge fan ''Annabel Lee''.]]
'''''Annabel Lee''''' of '''''Auck van der Leij''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Annabel Lee''''', is in [[gedicht]] fan 'e hân fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[redakteur]] en [[literatuer]]kritikus [[Edgar Allan Poe]] ([[1809]]-[[1849]]). It wie it lêste gedicht dat Poe foar syn dea foltôge, en is nei ''[[The Raven]]'' miskien wol syn bekendste dichtwurk. Krekt as faker yn syn wurk, is it ûnderwerp in ferlerne leafde, dêr't in treurjende minner noch altyd mei ompakt. Troch de jierren hinne hat der witwat diskusje west oer de fraach wa't de ynspiraasje foar ''Annabel Lee'' wie; hoewol't withoefolle froulju dêrfoar yn oanmerking komme, is Poe syn eigen frou, [[Virginia Eliza Clemm Poe]], dochs de wierskynlikste gadingmakster. ''Annabel Lee'', dat út seis kûpletten fan wikseljende lingte en wikseljend rymskema bestiet, datearret nei alle gedachten fan maaie [[1849]]. It waard foar it earst publisearre yn oktober [[1849]], twa dagen nei Poe syn dea, yn 'e [[New York (stêd)|New York]]ske [[krante]] de ''Daily Tribune'', as ûnderdiel fan syn deaberjocht. Dat wie lykwols in ûnautorisearre printige; de earse autorisearre publikaasje wie yn jannewaris [[1850]]. De earste [[Frysk]]e oersetting fan ''Annabel Lee'', fan [[Adam AukesDam Jaarsma]], datearret út [[1949]]
 
==Ynhâld==
Rigel 6:
 
==Fryske oersetting==
De earste [[Frysk]]e oersetting fan ''Annabel Lee'' wie fan [[Adam AukesDam Jaarsma]], en waard yn [[1949]] ûnder deselde titel publisearre yn it [[literatuer|literêr]] [[tydskrift]] ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''. Yn [[2008]] makke [[Janneke Spoelstra]] in nije fertaling, dy't hja ûnder de titel ''Auck van der Leij'' dat jiers publisearre yn it novimbernûmer fan it tydskrift ''[[HJIR]]''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Poe, Edgar Allan}}, ''Annabel Lee'' (oers. Adam AukesDam Jaarsma), yn: ''De Tsjerne'', jiergong 10 (1949).
* {{Aut|Poe, Edgar Allan}}, ''Auck van der Leij'' (oers. Janneke Spoelstra), yn: ''HJIR'', ISSN 1384-0614, jiergong 37 (2008), ôfl. 6 (nov.), s. 60-63.
}}