Herman Peenstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kou
L oanf
Rigel 3:
Hy folge de konservatoariumoplieding yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dêrnei wie hy belutsen by ferkillende folksmuzykensembles. Mei ‘Kopácka’ lei er him ta op East-Europeeske muzyk en mei it [[klezmer]]orkest ''Di Gojim'' spile hy [[Jiddysk]]e meldijen. Hy spilet [[akkordeon]] en sjongt. Herman Peenstra wie ek belutsen by projekten mei ûnder oare [[Bennie Huisman]], [[Amnesty International]] en [[Pas d'Accord]]. Sa die er mei oan it koarprojekt fan [[Hoite Pruiksma]] om de seemansmuzyk fan [[Percy Grainger]], op lokaasje yn it fiskershaventsje fan [[Laaksum]]. Hy luts troch it lân mei in poppeteater en wie de muzikale motor fan de kabaretgroep [[Ratatette]]. Yn 2009 die er mei oan it programma fan [[Frederike Kleefstra]] en [[Corinne Staal]].
 
Peenstra sette achttjin gedichten fan [[Edgar Allen Poe]] oer yn it [[Frysk]], wêrûnder ''[[Hymne (Edgar Allan Poe)|Hymne]]'', ''[[In Dream yn in Dream]]'' en ''[[Eldorado]]''. Hy sjongt dy sels wylst syn akkordeon en Herman Prins (fioele) him dêrby begeliede. Sûnt 2004 spilet Peenstra yn it trio [[RemoliNo]].
 
Hy ferskynt en ferskynde yn ferskate formaasjes, ûnder oare ''Ré m'oly'', ''Remolino'' en ''Wrâldfrysk''.
Rigel 10:
== Keppeling om utens ==
* [http://www.remolino.nl/Muzikanten.htm www.remolino.nl]
 
{{DEFAULTSORT:Peenstra, Herman}}
[[Kategory:Frysk sjonger]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]