De Reis fan de Wizen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
kt
Rigel 2:
'''''De Reis fan de Wizen''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Journey of the Magi''''', is in [[gedicht]] fan 'e hân fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Grut-Brittanje|Britske]] [[dichter]], [[toanielskriuwer]], [[essay]]ist, [[útjouwer]] en [[Nobelpriis]]winner [[T.S. Eliot]] ([[1888]]-[[1965]]). It giet oer de reis fan 'e [[Wizen út it Easten]] nei [[Palestina]], om dêr in besyk te bringen oan 'e nijberne poppe [[Jezus]], in ferhaal dat yn 'e [[Bibel]] beskreaun wurdt yn it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'' 2:1-12. Eliot skreau ''De Reis fan de Wizen'' yn 'e simmer fan fan [[1927]], koart nei't er him bekeard hie fan it [[unitarisme]] ta it [[Anglikaanske Tsjerke|anglikanisme]]. It waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e ''Ariel Poems'', yn [[1930]], en foar it earst oerset yn it [[Frysk]] troch [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], yn [[1975]].
 
===Ynhâld===
''De Reis fan de Wizen'' is skreaun yn it [[ik-perspektyf]] fanút it wrâldwurge [[fertelperspektyf|eachpunt]] fan ien fan 'e trije wizen. Eliot ferbyldet de wizen net as keningen, sa't se gauris foarsteld wurde, mar as [[tsjoender]]s. It allegeduerigen yn Eliot syn wurk weromkearende tema fan 'e ferfrjemding en machteleazens yn in wrâld dy't feroare is, oppenearret him ek hjir wer. De wize sjocht oan 'e ein fan syn libben werom op 'e reis nei Palestina, mar ynstee dat er him fernuveret oer de wûnders út dy tiid, of optein rekket om it doel fan 'e reis, is it gedicht fierhinne in nearzige jammerklacht oer de ûntbearings en ferfeling dêr't de wize ûnderweis ûndergean moast. De jonge Jezus wied er fierders net bot fan ûnder de yndruk, en lykwols beseft er dat de ynkarnaasje fan Gods soan op 'e ierde alles feroare hat. Jezus syn berte markearre de ein fan it tiidrek fan [[tsjoenderij]] en [[astrology]], en dêrmei fan it libbensdoel fan 'e wizen. De sprekker, waans wrâld sadwaande stoarn is, freget him ôf wat er sels noch moat te libjen. Tusken de regels fan it klaachliet fan 'e wize troch brûkt Eliot symbolisme om foarút te wizen nei de takomst; sa sjoggen de wizen op harren reis op in stuit "trije beammen tsjin in lege loft", wat fansels op 'e [[krusiging]] fan Jezus slacht.
 
===Fryske oersetting===
''The Journey of the Magi'' waard ûnder de titel ''De Reis fan de Wizen'' yn it [[Frysk]] oerset troch klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't letter fral bekend wurden is troch syn Fryske fertalings fan [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]''. Yn it digitale argyf fan [[Tresoar]] is ''De Reis fan de Wizen'' werom te finen ûnder oanfraachnû. 075.365, al wurdt der net by oanjûn oft it ea publisearre wurden is. In jier letter, yn [[1976]], waard ''The Journey of the Magi'' jitris yn it Frysk fertaald, diskear troch [[Haring Tjittes Piebenga]], ûnder de titel ''De Reis fan 'e Skôgers''. Dy oersetting waard yn oktober fan dat jier publisearre yn it tydskrift ''[[Lyts Frisia]]''.
 
Rigel 15:
{{DEFAULTSORT:Reis fan de Wizen, De}}
[[Kategory:Poëzy]]
[[Kategory:Gedicht]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]