Ferskil tusken ferzjes fan "Sittende Bolle"

L
red
L (red)
[[Ofbyld:Sitting Bull.jpg|thumb|right|200px|Sittende Bolle.]]
'''Sittende Bolle''' ([[Lakota (taal)|Lakota]]: '''Tȟatȟáŋka Íyotake''', betterútspr.: bekend[tˣa'tˣã:ka ûnder dei:jo'take]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Sitting Bull'''; oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]]), ±[[1831]] – dêre, [[15 desimber]] [[1890]]), wie yn 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste [[opperhaad|opperhaden]] fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk yn it midnoarden fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[1876]] stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, [[Sjajinnen|Sjajinne-]] en [[Arapaho (folk)|Arapaho]]-krigers dy't yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal [[George Armstrong Custer]] in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei [[Kanada]] ta. Nei't er him yn [[1881]] oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[Buffalo Bill]], en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn [[1890]], doe't de nije [[religy]] fan 'e [[geastedûns]] ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him dêropdoe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't folgedêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
 
== Jonkheid ==
Ornaris wurdt steld dat Sittende Bolle om [[1831]] hinne berne waard oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]], yn it [[Dakota (territoarium)|Dakota-territorium]], al hold syn oerpaksizzer yn [[2007]] op grûn fan [[oerlevering|mûnlinge oerlevering]] út dat er oan 'e rivier de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]] berne waard, justjes besuden it hjoeddeiske [[Miles City (Montana)|Miles City]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]]. Syn heit wie Springende Bolle en syn mem hiet Harfan Har-Hillige -Doar. Nei de Lakota-tradysje krige er letter ien fan syn heite nammen taparte, Tȟatȟáŋka Íyotake, dat "Sittende Bolle" betsjut, en ferwiist nei syn heite liederskip yn in grutte slach tusken de Lakota en de [[Kro (folk)|Kro]]. Sittende Bolle troude letter fiifris, mei Ljocht Hier, Fjouwer Kladen, Snie -op -Har, Sjoen -troch -Har -Folk en Skarlekkene Frou. Hy krige yn elts gefal twa bern, in soan, [[Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle)|Kraaiepoat]], en in dochter, Mannich Hynder. Fierders hied er noch in oannommen soan, [[Ien Bolle]], en twa oannommen dochters, Rint Sjende en [[Annie Oakley]]. Sittende Bolle wie in lid fan 'e [[HunkpapaHûnkpapa]]-stamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]]. De Lakota binne ien fan 'e trije útsprantels fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], yn 'e mande mei de [[NakotaWestlike Dakota (folk)|NakotaWestlike Dakota]] en de eastliker wenjende [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]].
 
De [[Dakota-oarlochOarloch fan 1862]], ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch]], wêrby't de Eastlike Dakota yn [[Minnesota]] tusken de 300 en 800 blanke kolonisten by ombrochten, wiene de Lakota sadwaande net yn behelle. De Amerikanen makken by harren represaillemaatregels lykwols gjin ûnderskie tusken Dakota en Lakota, en yn juny [[1864]] foelen twa brigades fan it [[Amerikaanske Leger]] (sa'n 2.200 man) ûnder generaal [[Alfred Sully]], in Lakota-doarp oan. Yn dy [[Slach by KildeerKilldeer Mountain]] waarden de ferdigeners oanfierd troch [[Gal (opperhaad)|Gal]], [[InkpadutaReade Mûtse]] en Sittende Bolle. Dat wie syn earste gefjocht tsjin 'e blanken. De Lakota moasten dêrby úteinlik belies jaan, mar skermutselingen holden oan oant yn augustus. Yn septimber kamen Sittende Bolle en sa'n hûndert oare HunkpapaHûnkpapa in lyts selskip blanke kolonisten begelaat troch soldaten oer 't mad dêr't no [[Marmarth (Noard-Dakota)|Marmarth]], yn [[Noard-Dakota]], leit. Hja wiene troch in karafaan fan [[kapwein]]en efterlitten om in oer de kop sleine wein te reparearjen. Doe't er de oanfal op harren late, waard Sittende Bolle troch in soldaat yn 'e lofterheup sketten, mar rekke net al te swier ferwûne.
[[Ofbyld:Chief sitting bull.JPG|left|thumb|250px|Sittende Bolle (jier ûnbekend).]]
 
== De Oarloch fan Reade Wolk ==
Yn 'e [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) late Sittende Bolle withoefolle oanfallen fan 'e Sû op [[Fort Berthold]], [[Fort Stevenson]] en [[Fort Buford]]. Hoewol't [[Reade Wolk]], in opperhaad fan 'e [[Oglala]]-Lakotasubstamme, de Lakota yn dy oarloch oanfierde, ferfolle ek Sittende Bolle der in wichtige rol yn. Stipe troch harren bûnsgenoaten, de [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne'') en de [[Arapaho (folk)|Arapaho]], besochten de Sû hjirby foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it ''[[Bozeman Trail]]'' lâns, in karafaanrûte nei it Westen dy't troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], yn [[1868]], in grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de [[Black Hills]], hielendal omfette.
 
Troch syn oanpart yn 'e Oarloch fan Reade Wolk wûn Sittende Bolle tige by tige yn prestiizje oan. Neffens [[histoarikus]] [[Stanley Vestal]], dy't yn [[1930]] mei de âlderein fan 'e HunkpapaHûnkpapa spriek, waard Sittende Bolle yn 1868 útroppen ta "heechste opperhaad" fan 'e hiele[[Grutte-naasje Naasje]]. Lettere skiedkundigen en [[etnology|etnologen]] ûntstride dat, mei't de Lakota-maatskippij fiersten te fersille wie om ien inkele lieder te erkennen, of foar ien inkele lieder om in protte gesach oer de fierhinne autonoom operearjende groepen en troepen te hawwen.
 
== Tuskenspul ==