Travois: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 2:
In '''''travois''''' (útspr.: [trav'wa]) is in draachbier of sleeptastel besteande út twa lange stokken of peallen wêrfan't de uteinen oer de grûn slepe en dy't lutsen wurde troch in lûkdier (of minske), mei tusken de stokken of peallen yn de iene of oare konstruksje om guod (of in persoan) op te ferfieren. Sa'n konstruksje kin alderhanne foarmen oannimme, lykas in net, in simpele tekken of in ramt fan tûken of latsjes. It wurd ''travois'' komt út it [[Kanadeesk-Frânsk]], en giet úteinlik werom op it [[Frânsk]]e ''travail'', dat "wurk" betsjut. Aldere, argayske foarmen binne ''travoy'' en ''travoise''.
 
Histoarysk is de ''travois'' benammen bekend fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] folken fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]], dy't sokke sleeptastellen brûkten om swiere lêsten (lykas de grutte peallen fan harren [[tipy]]s) of sike of ferwûne minsken te ferfieren. Yn 'e [[njoggentjinde ieu]] waarden om ''travois'' te lûken benammentlik [[hynder]]s brûkt, mar foar't de Yndianen yn 'e earste helte fan 'e [[achttjinde ieu]] de earste [[mustang (hynder)|mustang]]s fongen hiene, spanden se [[hûn]]en foar harren ''travois''. As gjin lûkdier beskikber wie, ferrjochte men it lûkwurk eigener hân.
 
Hoewol't sokke ''travois'' fansels in primitivere foarm fan transport foarmen as weinen mei tsjillen, wiene se foar de ûndergrûn dêr't se op brûkt waarden (bgl. de mei blêden en tûken besaaid lizzende wâldboaiem, of it lange gers fan 'e [[prêrje]], of op mul sân of losse [[snie]]) feitliken gaadliker as tsjillen west hawwe soene. Sadwaande makken ek de iere [[Frankryk|Frânske]] pelsjagers of ''coureurs des bois'' yn Noard-Amearika gebrûk fan ''travois''.