Tornado: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fc
deleted all
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dszpics1.jpg|rechts|thumb|''Tornado'']]
[[Ofbyld:F5 tornado Elie Manitoba 2007.jpg|thumb|''Tornado út de 5e kategory (oarspronklik 4e) sjoen fanút it súdeasten by it berikken fan it doarpke Elie yn de Kanadeeske provinsje [[Manitoba]] op freed 22 juny 2007.'']]
<nowiki>:</nowiki>) made in denmark[[Kategory:Meteorology]]
[[Ofbyld:Tornadoluchtop130704.jpg|rechts|thumb|''Loft om tornado'']]
3esed34rIn '''tornado''' ([[etymology]]: [[Spaansk]], grif assimilaasje fan ''tronada'' = tongerbuoi, en ''tornar'' = draaie) is in [[warlwyn]] mei tigge grutte wynsnelheden oant inkele hûnderten kilometers it oere en in diameter fan inkele tsientallen meters oant in pear kilometer, dy't meastal sichtber is trochdat wetterdamp kondinsearret yn de warl of trochdat materiaal fan it ierdoerflak optild wurdt.pik
 
Tornado's komme relatyf faak foar yn it sintrale diel fan de [[Feriene Steaten]], gemiddeld sa'n tûzen yn it jier. De measte binne net sterk, mar sommige wol. It gebiet dat wol Tornado Alley neamd wurdt, fan midden-[[Texas (steat)|Texas]] oant it easten fan [[Nebraska]] en [[Iowa (steat)|Iowa]] hat der it measte mei te krijen, benammen yn de moannen april, maaie en juny.
 
Fochtige waarme loft streamt út de Golf fan Mexico wei nei it noarden ta en skoot oer de Tornado Alley ûnder in loftlaach kommend út [[Mexico (lân)|Mexico]] en de [[Rocky Mountains]], wêryn't de temperatuer sterk ôfnimt mei de hichte. Sa wurdt oan de twa kondysjes foar sterke tongebuoien foldien. Dêrby komt, dat der in súdlike wyn waait, wêrfan de snelheid flak boppe it ierdoerflak sterk tanimt mei de hichte. Dit wurdt in [[low level jet]] neamd. Op sa'n 5 kilometer hichte waait dêrby in sterke westlike wyn. Dit [[romjende wyn|romjen]] fan de wyn mei de hichte levert in ekstra bydrage a it ûntstean fan rotaasje yn de eventuele buoien dy't ûntstean.
 
It is faak mooglik om gebieten wêryn tornado's foarkomme sille in oantal dagen oant oeren foarôf oan te wizen. It krekte plak en tiid binne lykwols net te foarsizzen.
 
Minsken dy't meastal foar de kick om tornado's en/of swiere tongerbuoien sykje wurde tornadojagers of stormchasers (meast yn de [[Feriene Steaten]]) neamd. Guon tornadojagers binne wittenskippers dy't mjittings dwaan wolle fan temperatuer, druk en loftfochtichheid yn de direkte omjouwing fan in tornado, en de tornado mei in radar scanne. Hjirmei hoopje se it ûntstean fan tornado's, dêr't noch in soad'^undúdlik oer is, better te begripen.
 
== Tornado's yn Nederlân ==
Yn [[Nederlân]] komme sa no en dan ek tornado's foar, mar faak binne it swakke tornado's, dy't meastal [[wynhoas|windhoazen]] neamd wurde. In inkele kear berikt ek yn Nederlân in wynhoas de krêft fan in sterke (Amerikaanse) tornado, lykas op:
 
* [[10 augustus]] [[1925]] yn [[Borculo]], sjoch: [[stoarmramp fan 1925]].
* [[1 juny]] [[1927]] by [[Neede]] (F4).<ref name="knmi tornado">[http://www.knmi.nl/cms/content/27749/tornado Tornado's nader verklaard], [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMY]]</ref>
* [[23 augustus]] [[1950]] op de [[Feluwe]]. Dizze tornado hie in spoar fan 46 kilometer lingte en feroarsake in soad skea oan de pleatslike bosken. Der foelen gjin slachtoffers.<ref>[http://www.knmi.nl/cms/content/22605/een_eeuw_windhozen Een eeuw windhozen], [[Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut|KNMY]]</ref>
* [[27 maart]] [[1966]] yn [[Winterswyk]], it Winterswykse Feestgebou oan de Haitsma Mulierwei waard ferwoaste. Ek yn de omjouwing fan it Feestgebou rjochte de wynhoas in soad skea oan. Oan de Wilhelminastrjitte, de Groenlosewei en Morgenzonweg waaiden dakken hielendal of gedieltlik fuort, lykas it dak fan de kantine fan fuotbalferiening WVC.
* [[6 oktober]] [[1981]] - Op dizze dei kamen 18 minsken om, doe't in fleantúch op wei fan Rotterdam Airport nei Hamburg yn de buert fan Moerdijk yn in tornado fleach ([[NLM Cityhopper-flecht 431|fleantúchûngelok Moerdijk]]). Alle 17 ynsittenden en ien persoan op de grûn kamen om it liben.
 
In histoaryske tornado dêr't de spoaren oant hjoed de dei fan te sjen binne is de tornado dy't yn de [[simmerstoarm fan 1674|simmerstoarm fan 1 augustus 1674]] de [[Dom fan Utert]] trof. It [[skip (boukeunst)|middenskip]] fan de tsjerke stoarte yn en sûnttiids stiet de Domtoer los fan de tsjerke. De brokstikken bleaunen noch lang lizzen, mar nei oprêden hjirfan is dat plak it [[Domplein]] oanlein.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.knmi.nl/VinkCMS/concept_detail.jsp?id=2295 Tornado op KNMY]
* [http://www.knmi.nl/VinkCMS/explained_subject_detail.jsp?id=21968 Tornado Utertske Dom (1674)]
------
<references/>
}}
 
[[Kategory:Meteorology]]
 
{{Link FA|af}}
{{Link FA|en}}
{{Link FA|es}}
{{Link FA|fr}}
{{Link GA|pl}}