Haadmenu iepenje

Changes

166 bytes removed ,  5 jier lyn
L
The file Image:Declaration_of_State_of_Israel_1948.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:Fastily: ''Copyright violation; see commons:Commons:Licensing''. ''Translate me!''
 
Troch de oerwinning fan de Britten yn de [[Earste Wrâldkriich]] komt it [[Osmaanske Ryk|Osmanyske]] bewâld yn Israel oan de ein. Fan it Folkenbûn krijt Grut-Brittanje yn [[1922]] it [[Mandaat foar Palestina]] dêr't yn stiet dat it foar Joaden mooglik wêze moat om har nei wenjen te setten yn Palestina. Yn itselde mandaat stiet ek omskreaun dat de net-Joadske ynwenners gjin striebreed yn 'e wei lein wurde mei. Yn july 1922 partsje de Britten Palestina yn twa bestjoerlike ienheden. De Joaden mochten har inkeld oan de westkant fan de [[Jordaan]] nei wenjen sette, likernôch 22% fan Palestina.
 
[[Ofbyld:Declaration of State of Israel 1948.jpg|thumb|250px|right|Ferklearring fan de steat Israel, foarlêzen troch David Ben-Gurion op 14 maaie 1948 yn Tel Aviv.]]
Op [[29 novimber]] [[1947]] komme de [[Feriene Naasjes]] oerien dat Palestina yn in Joadske en Arabyske steat skieden wurdt. Mei it doel om ta in ûnôfhinklike Joadske steat foar oerlibbenden fan de [[Holocaust]] te kommen, stimme de Joaden foar it plan. De Arabyske befolking yn palestina en dy fan de Arabyske lannen binne tsjin it foarnimmen fan de Feriene Naasjes. It Britske Mandaat foar Palestina wie op [[14 maaie]] [[1948]] ôfrûn. Om fjouwer oere middeis kaam de Joadske Nasjonaalried gear yn it Stêdsmuseum fan Tel Aviv foar de ûnôfhinklikensferklearring fan de steat Israel. Alve minuten letter erkenden de [[Feriene Steaten]] de nije steat, de [[Sowjetuny]] erkende Israel op [[16 maaie]].
 
2.781

edits