Ferskil tusken ferzjes fan "Hendrik van Deventer"

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
tikflaterke
(tikflaterke)
Hendrik waard meast troch de praktyk sjirurgyn, mar ek troch selsstúdzje. Koart nei syn festiging yn [[Wiuwert]] begjint er al yn 1679 mei syn dokterspraktyk ûnder de Labadisten. Hendrik syn namme makket klank as genêshear, benammen as ortopedist wurdt er bekend.
 
Hy wie in spesjalist op it mêd fan [[rachitis]] (Ingelske sykte). Sels de [[Kristiaan V fan Denemark|Deensk-Noarske kening Kristiaan V]] (1670-1699) docht in berop op him foar behanneling fan himsels en syn bern en is tevredentefreden. It slagget Hendrik fan Deventer as autodidakt, dy't it Latyn net behearsket, om de doktorstitel te heljen yn [[Ryksuniversiteit Grins|Grins]]; mei dy titel foar syn namme kin er oeral yn Nederlân as dokter oan'e gong. Langer yn Wieuwert bliuwe lake him net oan; syn royale honorarium ferdwynt yn de pong fan de Labadisten, dat syn bern soene neat erve at er dêr bliuwe soe.
 
Hendrik spesjalisearre him ek yn de [[ferloskunde]]. Hy woe him yn De Haach festigje, mar de Haachske dokters, feriene yn it ''Collegium Medicum'', hawwe gjin ferlet fan konkurrinsje en litte Hendrik mei syn praktyk net ta "omdat er it Latyn net behearsket". Hendrik begjint in praktyk yn Voorburg en wurdt yn 1695 noch erkend troch it Collegium.
2.588

bewurkings