Dakota (taal): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 49:
Der besteane in stikmannich ûnderskate staveringsfoarmen foar de Sû-talen, mar dejinge dy't tsjintwurdich it measte brûkt wurdt, is dy fan [[Jan Ullrich (taalkundige)|Jan Ullrich]], dy't op grûn fan in 23-jierrich taalûndersyk yn [[2008]] it gesachhawwende Lakota-wurdboek gearstalde, al moat dêrby oantekene wurde dat syn stavering fuortbordueret op guon âldere staveringssystemen. It Lakota (en yn it ferlingde dêrfan ek it Dakota) wurdt hjirby skreaun mei in alfabet fan 26 letters, al binne dat net deselden as yn it Latynske standertalfabet: a, b, č, d, e, g, ǧ, h, ȟ, i, k, l, m, n, ŋ, o, p, s, š, t, u, w, y, z, ž en ’.
 
Yn it foarste plak binne der fiif [[fokaal|lûden]]: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in [[skerpteken]] (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). De letter ŋ hat sels gjin klankwearde, mar makket it foarôfgeande lûd nasaal. Der binne yn it Dakota trije fan sokke nasale klanken: aŋ ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), iŋ ([ĩ] as yn "hyns") en uŋ ([ũ] as yn "fiifpûns"). Ek dy kinne allegear wer sawol koart as lang wêze, en de lange farianten krije wer in skerpteken: áŋ ([ã:] as yn "aanst"), íŋ ([ĩ:] as yn "wynsk") en úŋ ([ũ:] as yn "dûns").
 
Dan binne der fiif [[bylûd]]en mei in [[karon]]: č, ǧ, ȟ, š en ž. De č ([ʧ]), š ([ʃ]) en ž ([ʒ]) binne bekende klanken: de tsj fan "tsjerke", de sj fan "sjerp" en de zj fan "bagaazje". De ǧ ([ʁ])en de ȟ ([χ]) lykje op 'e g fan "mage", resp. de ch fan "berch", mar wurde justjes mear nei efteren yn 'e mûle (suver yn 'e kiel) útsprutsen. Fierders is der noch de [[apostrof]] (’), dy't foar de [[glottisslach]] ([ʔ]) stiet; de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". De oare bylûden wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen, behalven de w en y; dat binne de w fan "skowe" en de j fan "jas".