Strjitte fan Drake: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 48 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q143650
L red
Rigel 16:
De '''Strjitte (fan) Drake''' of '''Drakestrjitte''' ([[Spaansk]]: ''Mar de Hoces'') is in [[seestrjitte]] tusken de súdpunt van [[Súd-Amearika]], [[Kaap Hoarn]] en [[Antarktika]]. Hy ferbynt de [[Atlantyske Oseaan]] ([[Skotiasee]]) mei de [[Grutte Oseaan]] en heart ta de [[Súdlike Oseaan]]. It wetter is neamd nei de Britske seefarder en piraat Sir [[Francis Drake]].
 
It seegebiet waard foar it earst befardbefearn troch [[Willem Cornelis Schouten]] op it skip de ''Eendracht'' yn 1616, dy't ek [[Strjitte Le Maire]] befardebefoer en ferneamde. De Strjitte fan Drake is 800 km breed en hat mar in pear eilannen, de Diëgo-Ramirez-eilannen, wat it de [[Antarktyske sirkumpolêre stream]] de mooglikheid jout de hiele wrâld om te gean. It is faak stoarmwaar yn de strjitte, en troch de hege golven is it dêr dreech farren.
 
De oare twa passaazjes om Kaap HoornHoarn, it Beaglekanaal en Strjitte fan Magelhaan, hinne binne frijwat nau, en litte mar in bytsje romte om te manoevrearjen, benammen foar sylboaten. Dêrom kieze dy faak foar de Drakestrjitte dêr't se de romte hawwe, netsjinsteande de rûge seeën dêre.
[[Ofbyld:CapeHorn.jpg|thumb|left|250px|Kaap Hoarn]]
It gebiet hat in rike [[fauna]]. [[Walvisken]], [[dolfinen]], mar ek fûgels sa as [[albatrossen]] of [[pinguin]]s hâlde dêr ta.