Jeropeeske Uny: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lânbou derby
Rigel 198:
 
De Jeropeeske Rie foar Undersyk (''European Research Council'' - ERC) is in organisaasje dy’t jildstipe jout foar wittenskiplike ûndersyk. De ERC begûn yn 2007 en wie in inisjatyf fan de Jeropeeske Kommisje. De Jeropeeske Kommisje hat fierders in waarnimmersstatus yn de CERN. De Jeropeeske Uny is ien fan de partners binnen it ITER-projekt, in ynternasjonaal gearwurkingsprojekt dat wittenskiplik ûndersyk docht nei kearnfúzje.
 
=== Lânbou ===
Nettsjinsteande it lytse persintaazje fan it [[BYP]] hat it Europeeske lânboubelied in bysûndere rol spile yn de Europeeske ienwurding. Yn 1960 die de [[Europeeske Kommisje]] it inisjatyf en kom mei in mienskiplik belied op dat mêd. It Europeeske Lânboubelied waard troch de Rie fan Ministers yn 1962 goedkard en kaam alsa yn wurking. Doel wie in ferheging yn produktiviteit en it foarkommen fan priisskommelingen, sadat de itensproduksje feilich steld wie en de konsumint wis wêze koe fan in passende priis.
 
It systeem mei priisgarânsjes hie in njonkeneffekt dat net winsklik wie. Produsinten krigen in minimumpriis foar harren produkten. Oerproduksje waard opkocht. Yn it begjin like it belied noch in súkses, mar de oerproduksje boaze hieltyd fierder oan. De gefolgen wienen saneamde de 'bûterberch'. 'molkesee' en 'wynsee'. Omdat de Europeeske Ekonomyske Mienskip de garânsje joech en keapje de oerskotten op, moasten de Europeeske húshâldingen dêr desennialang oan meibetelje. It lânboubelied besloech jierrenlang mear as de helte fan útjeften fan de Europeeske Ekonomyske Mienskip. Dêrneist kaam der troch it priisgarânsjesysteem in rem op ymport út ûntwikkelingslannen. De oerskotten waarden mei Europeeske subsydzjes dumpt yn de ûntwikkelingslannen en de boeren yn dy lannen moasten it belije.
 
Troch Mc Sharry-herfoarming fan 1992 waard it systeem stadichwei ôfboud. Lykwols kamen der oare subsydzjes foar yn 't plak dy't los steane fan produksjehoemannichten. De grûnslach fan it hjoeddeistige lânboubelied hat twa pylders: it merk- en ynkomstebelied (Pylder I) en it plattelânsûntwikkelingsbelied (Pylder II). Yn it tiidrek 2014-2020 sil it lânboubudzjet, foar beide pylders, jierliks 38,9 persint fan it totale EU budzjet beslaan.<ref>Europa.eu: [http://europa.eu/pol/financ/index_en.htm Budget] (sjoen op 16 juny 2014)</ref>
 
=== Ynfrastruktuer ===