Piter Feddes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q7192775
L oanfold
Rigel 1:
[[Ofbyld:Claes Jansz. Visscher (II) 001.jpg|thumb|225px|'''De dronken keapman'' troch Piter Feddes en [[Claes Jansz. Visscher]]]]
[[File:Pieter Feddes - Kitchen Scene - WGA07783.jpg|thumb|Keukensêne]]
'''Pieter Feddes''' of ''Petrus Harlingenis'' ('Pieter fan Harns''), ( [[Harns (stêd)|Harns]], ± [[1586]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], om [[1623]]) wie in Fryske[[Friezen|Frysk]] [[keunstskilder]] en graveur fan meast portretten, gravueres, [[ets]]en en kaarten út de tiid fan de [[Barok (stylperioade)|Barok]].
 
== Wurkpaad ==
Hy ferfear neffens [[Wopke Eekhoff|Eekhoff]] yn [[1612]] nei Ljouwert. Yn de wurken fan de Fryske skiedskriuwers, [[Martinus Hamconius|Hamconius]] en [[Pier Winsemius|Winsemius]], komme troch him gravearre platen foar. De measte fan syn gravueres toane tafrelen út de Bibelske skiednis en wrâldskiednis. Teffens makke er portretten, ûnder oaren dy fan [[Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg|Willem Loadewyk fan Nassau]], [[Hero van Inthiema]] en [[Johannes Bogerman]]. Der binne trije kaarten fan him bekend, fan Ljouwert, [[Frjentsjer]] en Fryslân.
 
Hy wie befreone mei [[Jan Jansz. Starter]], waarns ''Friesche lusthof'' (earste útjefte, 1621) er in [[oade (dichtkeunst)|lofdicht]] foar skreau. Ut in ynskrypsje ûnder dy oade ien ien ûnder in portret fan Bogerman kin opmakke wurde dat er ek keunstskilder wie (''Petrus Harlingenis ad vivum pinxit''; 'Piter fan Harns by libben skilder'). der binne lykwols gjin skiderijen fan him bewarre bleaun. [[Johan Philip van der Kellen]] neamt lykwols njonken 117 gravueres ek 14 skilderijen fan syn hân, wêrfan't noch in stikmannich dêrop basearre gravueres besteane.
 
Piter Feddes syn wurk hat dat fan [[Jacob Adriaensz Backer]] beynfloede.<ref>[http://www.rkd.nl/rkddb/dispatcher.aspx?action=search&database=ChoiceArtists&search=priref=27497 Pieter Feddes van Harlingen] yn it [[Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje|RKD]]</ref> Feddes' namme komt nei 1622 net mear foar, dat der wurdt oannaam dat er koart dêrnei ferstoar.
 
Wurk fan him is yn it [[Frysk Museum]] en yn it [[Museum Kunstpalast]] fan [[Düsseldorf]].
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.biografischportaal.nl/persoon/08333875 ''Pieter Feddes van Harlingen''] by it [[Biografysk Portaal]]
{{Commonscat|Pieter Feddes van Harlingen}}
 
Hy ferfarre yn 1612 nei Ljouwert en makke meast portretten, gravueres, etsen en kaarten. Wurk fan him is yn it [[Frysk Museum]] en yn it Museum fan [[Düsseldorf]]. Yn de wurken fan de Fryske skiedskriuwers, [[Martinus Hamconius|Hamconius]] en [[Pieter Winsemius|Winsemius]], komme troch him gravearre platen foar. Der bestiet fan him in portret, yn koper snien, mei it jiertal 1615. Inkele fan syn etste printjes komme mei it merk P. Harlingensis foar.
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{EvF|Pieter Feddes}}
<references/>
}}
 
{{DEFAULTSORT:Feddes, Pieter}}
[[Kategory:Frysk keunstskilder]]
[[Kategory:Frysk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk graveur]]