Yukon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L oanf
Rigel 1:
{{stobbe-geografy}}
{{Kanadeeske provinsje
|namme = Yukon <br><small>''Yukon / Yukon''</small>
Line 17 ⟶ 16:
|webside = [http://www.gov.yk.ca/ www.gov.yk.ca]
}}
De '''Yukon''', oant [[2002]] offisjeel it '''Yukonterritoarium''' ([[Ingelsk]]: ''Yukon Territory''; [[Frânsk]]: ''Territoire du Yukon''), is ien fan 'e trije [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|territoaria]] fan [[Kanada]]. It leit yn it uterste noardwesten fan it lân, en heart ta de regio fan [[Noardlik Kanada]]. Mei 4,8% fan it nasjonaal grûngebiet is it territoarium wat oerflak oanbelanget ien lytsere Kanadeeske gewesten, en fierwei de lytste fan 'e trije territoaria. De haadstêd is [[Whitehorse (Yukon)|Whitehorse]]. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2011]] hie de Yukon doe krapoan 34.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
'''Yukon''' of '''Yukon Territory''' is in [[territorium fan Kanada|territorium]], it meast noardwestlike, fan [[Kanada]]. It dielgebiet waard stifte yn [[1898]] mei de namme Yukon Territory, mar de namme waard 2003 troch it federale regear feroare yn Yukon.
 
== Demografy Etymology==
It territoarium is ferneamd nei de rivier de [[Yukon (rivier)|Yukon]]. De namme dêrfan is wer ôflaat fan in ferâldere wurd út 'e taal fan 'e [[Kûtsjin (folk)|Kûtsjin]]-[[Yndianen]], dat brûkt waard om in lang of breed wetter oan te tsjutten.
[[Ofbyld:Yukon hotel, Dawson.JPG|thumb|250px|left|It ''Yukon Hotel'' yn Dawson City]]
[[File:Yukonwikimap.PNG|left|thumb|200px|Lânkaart fan 'e Yukon.]]
it territoarium telt 31.229 ynwenners ([[2006]]), dêr't 23.272 ([[2005]]) fan yn de haadstêd [[Whitehorse (Kanada)|Whitehorse]] wenje.
 
==Geografy==
De Yukon hat in oerflak fan 482.443 km², wêrfan't 474.391 km² út lân bestiet en 8.052 km² út wetter. Dêrmei komt it yn folchoarder fan grutte op it njoggende plak fan 'e trettjin Kanadeeske gewesten, nei [[Manitoba]] en krekt foar [[Nijfûnlân en Labrador]]. It territoarium grinzget yn it easten oan 'e [[Noardwestlike Territoaria]], yn it suden oan 'e [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsje]] [[Britsk-Kolumbia]] en yn it westen oan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alaska]]. Yn it noarden hat it in koarte kustline oan 'e [[Beaufortsee]], dy't ûnderdiel útmakket fan 'e [[Noardlike Iissee]].
 
De Yukon hat de foarm fan in trijehoek, mei rjochte siden yn it westen en it suden, en in krinkeljende, diagonale grins yn it easten, dy't taps tarint wat fierder oft men nei it noarden komt. Dy grins folget rûchwei de wetterskieding tusken it bekken fan 'e rivier de [[Yukon (rivier)|Yukon]] en it streamgebiet fan 'e rivier de [[Mackenzie (rivier)|Mackenzie]], yn 'e Noardwestlike Territoaria. It súdlike part fan 'e Yukon is bespikkele mei in grut tal frij mânske [[mar]]ren, dy't fet wurde troch it teiwetter fan ferskate berch[[gletsjer]]s. De wichtichsten fan dy marren binne de [[Teslinmar]], de [[Atlinmar]] en de [[Tagishmar]]. Datselde diel fan it territoarium, it suden dus, is ek foar in grut part begroeid mei [[spjir]]rebeammen, al binne dy troch it koarte groeiseizoen faak beknotte yn har ûntwikkeling. It noarden fan it territoarium is in [[toendra]]gebiet, dêr't troch de [[permafrost]] gjin beammen groeie kinne. It heechste punt fan 'e Yukon, en teffens fan hiele Kanada, is de [[Mount Logan]], fan 5.959 m, dy't yn it súdwesten fan it territoarium leit.
 
==Skiednis==
Lang foar't de earste [[Jeropa|Jeropeänen]] de Yukon oandiene, waard de midden en it noarden fan it gebiet, dat yn 'e lêste [[iistiid]] net troch [[lâniis]] oerdutsen wie, al bewenne troch [[Yndianen|Yndiaanske]] folken. De útbarsting fan 'e [[Mount Churchill]], yn it oanbuorjende [[Alaska]], om it jier [[800]] hinne, oerdiek it suden fan 'e Yukon mei in laach jiske dy't noch altyd dúdlik werom te kennen is. Dat barren is ek ferivige wurden yn 'e [[oerlevering|mûnlinge tradysjes]] fan 'e stammen dy't doe al yn it territoarium taholden.
 
Pas yn 'e iere [[njoggentjinde ieu]] krongen de earste [[jeropide ras|blanken]] yn it gebiet troch. Dat wiene alderearst keaplju, dy't de útwreiding fan 'e lukrative [[pelshannel]] foar eagen hiene. Dy waarden letter folge troch [[misjonaris]]sen, dy't de lânseigen befolking ta it [[kristendom]] bekeare woene, en noch wer letter troch in ekspedysje dy't in [[tillegraaf]]ferbining tusken [[Russysk Amearika|Russysk Alaska]] en de rest fan [[Noard-Amearika]] ta stân bringe woe. Tsjin 'e 1870-er en 1880-er jierren arrivearren de earste [[goud]]sikers yn 'e Yukon, dy't de befolking fan it gebiet sa úttynje lieten, dat it Kanadeeske regear besleat dat der in eigen plysjetsjinst komme moast. Dy waard krekt op 'e tiid oprjochte foar't yn [[1897]] de ferneamde [[Goudkoarts fan Klondike]] begûn. Tsientûzenen lju út hiel Noard-Amearika en út 'e rest fan 'e wrâld kloften doe gear yn 'e Yukon en Alaska, yn 'e hope om dêr harren fortún te meitsjen.
[[File:Mount Logan.jpg|right|thumb|250px|De [[Mount Logan]], yn 'e súdwestlik Yukon, de heechst berch fan [[Kanada]].]]
 
Oant dy tiid wie de Yukon earst lange tiid ''de facto'' bestjoerd troch de [[Hudsonbaaikompanjy]], ek al hearde it net ta [[Rupertslân]], dêr't de kompanjy it fan rjochten foar it sizzen hie. Sûnt [[1821]] makke it diel út fan it [[Noardwestlike Territoarium]], dat yn namme ûnder it bestjoer fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske Kroan]] foel. Doe't yn [[1867]] de [[Kanada|Kanadeeske Konfederaasje]] oprjochte waard, krige dy de sizzenskip oer it gebiet. Twa jier letter, yn [[1869]], droech de Hudsonbaaikompanjy syn besittings oer oan Kanada, en waarden it Noardwestlike Territoarium en Rupertslân gearfoege ta de nije [[Noardwestlike Territoaria]]. De Yukon as geografyske ienheid ûntstie yn [[1895]], doe't it de status fan distrikt binnen de Noardwestlike Territoaria krige. Troch de grutte befolkingsgroei dy't him der ûnder de Goudkoarts fan Klondike foardie, besleat it Kanadeeske regear yn [[1898]] om der in selsstannich territoarium fan te meitsjen.
 
Dêrnei waard de Yukon goed tachtich jier lang bestjoerd troch in kommissaris, dy't oansteld waard troch de Kanadeeske minister fan [[Kanadeesk Ministearje fan Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling|Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling]]. De kommissaris hie in rol yn it beneamen fan 'e bestjoersrie fan it territoarium en wie dêr de foarsitter fan en funksjonearre feitlik teffens as de minister-presidint fan it gebiet. De keazen Territoriale Rie hie inkeld in advisearjende rol. Pas yn [[1979]] krige de Yukon selsbestjoer, yn 'e foarm fan in territoriale assimblee wêrfan't de leden foar it earst keazen waarden yn [[1978]], en dêr't yn jannewaris 1979 it earste formele regear fan it territoarium út gearstald waard. Under de Yukonwet (''Yukon Act''), fan april [[2003]], waard it territoriaal selsbestjoer noch útwreide, sadat de Yukon no hàst (mar net alhiel) deselde rjochten hat as de tsien Kanadeeske provinsjes. Hoewol't der al witwat diskusjes fierd binne oer de fraach oft en sa ja, wannear't de Yukon de alfde provinsje fan Kanada wurde sil, liket it ûnwierskynlik dat soks yn 'e neie takomst plakfine sil, mei't de de befolking fan it gebiet gewoan te lyts is.
[[Ofbyld:Yukon hotel, Dawson.JPG|thumb|250px|left|It ''Yukon Hotel'', yn [[Dawson City (Yukon)|Dawson City]].]]
 
Op [[27 maart]] [[2002]] wie ûnderwilens de offisjele namme fan it gebiet feroare fan ''Yukon Territory'' yn ''Yukon''. Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt lykwols faak de âlde namme noch oanholden, en de offisjele [[List fan postale ôfkoartings foar Kanadeeske provinsjes en territoaria|postale ôfkoarting]] fan it territoarium is noch altyd YT.
 
==Bestjoer==
De Yukon hat in territoriale assimblee mei 19 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen [[kiesdistrikt]] (''riding''), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn [[Grut-Brittanje]]). It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in [[minister-presidint]]. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes en territoaria oantsjut wurde as ''premier'', wylst de federale minister-presidint de ''prime minister'' is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn [[Ottawa]] wurdt de Yukon yn 'e [[Kanadeeske Senaat|Senaat]] fertsjintwurdige troch 1 fan 105 sitten (1,0%), en yn it [[Kanadeeske Legerhûs|Legerhûs]] troch 1 fan 308 sitten (0,3%).
 
==Ekonomy==
Fan âlds is yn 'e Yukon de [[mynbou]] de wichtichste sektor fan 'e [[ekonomy]], mei't der nei [[lead (metaal)|lead]], [[sink]], [[sulver]], [[goud]], [[asbest]] en [[koper]] dold wurdt. De ridlik grutte hoemannichten goud dy't der fûn wurde, laten oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieu]] ta de [[Goudkoarts fan Klondike]].
[[File:33.Yukonsign.jpg|right|thumb|250px|In twatalich wolkomsboerd oan 'e grins fan 'e Yukon.]]
 
De oantinkens oan dy perioade en oan 'e iere dagen fan 'e [[Royal Canadian Mounted Police|RCMP]] (de Kanadeeske plysje, bekend fan 'e reade unifoarmjaskes), en fierders it natuerskientme fan it territoarium, hawwe it [[toerisme]] ta de op ien nei wichtichste sektor fan 'e territoriale ekonomy makke. Minsken komme der om rûnlaat te wurden troch goudsikersstedsjes as [[Dawson City (Yukon)|Dawson City]], en om te [[jacht (op bisten)|jeien]], [[angeljen]], [[kanojen]] en [[kajakjen]], [[kuierjen]], [[berchbeklimmen]], [[iisklimmen]], [[skyen]], [[snowboarden]], [[sniemobyljen]] en [[hûneslydzjen]]. Der wurde jiers frijwat kultuerfestivals en sporteveneminten yn 'e Yukon organisearre dy't dielnimmers en besikers fan oer de hiele wrâld oanlûke, lykas it ''[[Yukon International Storytelling Festival]]'', it ''[[Frostbite Music Festival]]'', it [[Dawson Music Festival]]'' en de ''[[Yukon Quest]]''.
 
De [[yndustry]] yn 'e Yukon is benammentlik talein op 'e produksje fan houtene meubels en fan klean. De opwekking fan [[wetterkrêft]]enerzjy is fan tanimmend belang, mar tradysjonele aktiviteiten, lykas [[strikkesetten]] en de [[fiskerij]], reitsje yn it neigean. De territoriale en federale oerheidstsjinsten foarmje fierwei de grutste wurkjouwer yn 'e Yukon, mei 5.000 banen op in totale wurkgelegenheid fan 12.500.
 
==Demografy==
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan [[2011]] hie de Yukon doe 33.897 ynwenners, wat 11,6% mear is as yn [[2006]]. De [[befolkingstichtens]] wie yn 0,07 minsken de km². Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn 2011 23.276 of 68,7% yn 'e haadstêd [[Whitehorse (Yukon)|Whitehorse]]. It twadde plak neffens ynwennertal, mei 1.319 minsken, wie [[Dawson City (Yukon)|Dawson City]], dat oant [[1952]] de haadstêd fan 'e Yukon wie. Oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieu]], op it hichtepunt fan 'e [[Goudkoarts fan Klondike]], wennen dêr sa'n 40.000 minsken, mar doe't it goud oprekke, teagen de measte lju wer nei oare oarden.
 
===Etnyske groepen===
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan [[2006]] (dy't basearre binne op selsidentifikaasje) bestiet de Yukonneeske befolking foar in grut diel út lju fan [[Noard-Jeropa|Noardjeropeesk]] komôf, mei hege persintaazjes [[Ingelsen]], [[Skotten]], [[Ieren (folk)|Ieren]] en [[Frânsen]]. De tsjintwurdige [[Frânsk]]talige minderheid, de [[Franko-Yukonnezen]], foarmje mei in oantal fan likernôch 1.100 minsken sa'n 3,3% fan 'e befolking.
 
Alle lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] folken en de ''[[Métis]]'' mei-inoar wiene yn 2006 goed foar likernôch 25% fan 'e befolking. Yn [[1992]] waard der tusken it territoriaal regear fan 'e Yukon, de Kanadeeske federale oerheid en 14 ûnderskate "earste naasjes" (sa't de stammen yn Kanada neamd wurde), dy't in befolking fan likernôch 7.000 minsken fertsjintwurdigen, in oerkoepeljende earste oerienkomst oangeande lânrjochten sletten, wêrnei't eltse "earste naasje" op himsels harren spesifike oanspraak op har foarâlderlik grûngebiet útûnderhannelje moast. Yn desimber [[2005]] hiene alve fan 'e fjirtjin stammen in definitive oerienkomst mei de Kanadeeske oerheden ûndertekene.
 
De Yukon hie foarhinne ek in [[Inûyt]]-delsetting, sitewearre op it eilân [[Herschel (eilân)|Herschel]], dat foar de noardkust yn 'e [[Beaufortsee]] leit, mar dat doarp waard yn [[1987]] opheft doe't de bewenners ferfearen nei de oanbuorjende [[Noardwestlike Territoaria]]. As resultaat fan 'e definitive oerienkomst oer lânrjochten dy't de [[Inûvialûyt]] (de westlike Arktyske Inûyt fan Kanada) mei de Kanadeeske oerheid sletten hawwe, is it eilân in beskerme natoergebiet wurden, mei as namme it Territoriaal Park Qikiqtaruk ("Qikiqtaruk" is de namme fan it eilân yn 'e [[Inûvialûktûn]]-taal).
 
===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie neffens sifers út [[2001]] 58,1% fan 'e befolking fan 'e Yukon út [[kristendom|kristenen]], wêrfan 36,5% [[protestantisme|protestanten]], 21,0% [[roomsk-katolisisme|roomsen]], 0,5% [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdoksen]] en 0,1% [[eastersk-katolisisme|eastersk-katoliken]]. De grutste protestantske denominaasjes wiene de [[Anglikaanske Tsjerke|anglikanen]] (13,3%), de feriene protestantske ''[[United Church of Canada]]'' (7,4%), de [[baptisme|baptisten]] (3,2%), [[pinkstertsjerken|pinksterkristenen]] (2,1%) en [[luteranisme|luteranen]] (2,0%). [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen 37,4% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: it [[boedisme]] (0,5%); it [[sikhisme]] (0,4%); it [[Westersk heidendom]] (0,4%); de [[islaam]] (0,2%); en it [[joadendom]] (0,1%). De oanhingers fan 'e [[natoerreligyen|lânseigen religyen]] fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,6% fan 'e befolking.
[[File:Chief Isaac of Han.jpg|left|thumb|250px|Opperhaad Isaac fan 'e [[Han (folk)|Han]]-Yndianen, [[1898]].]]
 
==Taal==
De offisjele talen fan 'e Yukon binne it [[Ingelsk]] en it [[Frânsk]], dy't as sadanich by wet fêstlein binne. It Ingelsk is de memmetaal fan in grutte mearderheid fan 'e Yukonneeske befolking, 85,7%. It Frânsk is yn grutte de twadde taal, mei goed 1.100 sprekkers (3,7%). De iennichste oare taal dy't boppe de 1% útkomt, is it [[Dútsk]], mei 2,6%. Under de Taalwet fan Yukon (''Language Act of Yukon'') genietsje fierders de 8 ûnderskate lânseigen Yndiaanske talen offisjele erkenning, wêrmei't se yn oanmerking komme foar finansjele stipe fan 'e oerheid, mar se kinne net brûkt wurde foar offisjele dokuminten of yn 'e rjochtseal of it territoriaal parlemint. De 8 erkende minderheidstalen yn 'e Yukon binne: it [[Han (taal)|Han]] (''Hän''), [[Kaska (taal)|Kaska]], [[Kûtsjin (taal)|Kûtsjin]] (''Kutchin'' of ''Gwich'in''), [[Noardlik Tûtsjoansk]] (''Northern Tutchone''), [[Opper-Tanana (taal)|Opper-Tanana]] (''Upper Tanana''), [[Súdlik Tûtsjoansk]] (''Southern Tutchone''), [[Tagis (taal)|Tagis]] (''Tagish'') en [[Tlingit (taal)|Tlingit]].
 
==Klimaat==
It súdlike diel fan 'e Yukon hat in [[lânklimaat]], feroarsake troch de neite fan 'e [[Stille Oseaan]], dy't in bedimjende ynfloed op it [[klimaat]] hat. As dy der net wie, soe de súdlike Yukon krekt as it sintrale part fan it territoarium in [[toendraklimaat]] hawwe. Yn it uterste noarden fan 'e Yukon, ta ein beslút, hearsket in [[poalklimaat]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Yukon ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Yukon}}
}}
 
Yn de tiid fan de ''goldrush'' om 1896 hinne gie it ynwennertal fan [[Dawson City]] omheech nei 40.000. Doe't der gjin [[goud]] mear te finen wie sakke dat tal hurd. No wenje der sa'n 2000 minsken yn Dawson City.
{{Kanada}}
 
[[Kategory:Yukon| ]]
[[Kategory:Territoarium yn Kanada]]
 
{{Link GA|de}}