Yukon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oanf
Rigel 59:
Alle lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] folken en de ''[[Métis]]'' mei-inoar wiene yn 2006 goed foar likernôch 25% fan 'e befolking. Yn [[1992]] waard der tusken it territoriaal regear fan 'e Yukon, de Kanadeeske federale oerheid en 14 ûnderskate "earste naasjes" (sa't de stammen yn Kanada neamd wurde), dy't in befolking fan likernôch 7.000 minsken fertsjintwurdigen, in oerkoepeljende earste oerienkomst oangeande lânrjochten sletten, wêrnei't eltse "earste naasje" op himsels harren spesifike oanspraak op har foarâlderlik grûngebiet útûnderhannelje moast. Yn desimber [[2005]] hiene alve fan 'e fjirtjin stammen in definitive oerienkomst mei de Kanadeeske oerheden ûndertekene.
 
De Yukon hie foarhinne ek in [[Inûyt]]-delsetting, sitewearre op it eilân [[Herschel (eilân)|Herschel]], dat foar de noardkust yn 'e [[Beaufortsee]] leit, mar dat doarp waard yn [[1987]] opheft doe't de bewenners ferfearen nei de oanbuorjende [[Noardwestlike Territoaria]]. As resultaat fan 'e definitive oerienkomst oer lânrjochten dy't de [[Inûvialûyt]] (de westlike Arktyske Inûyt fan Kanada) mei de Kanadeeske oerheid sletten hawwe, is it eilân in beskerme natoergebiet wurden, mei as namme it Territoriaal Park Qikiqtaruk ("Qikiqtaruk" is de namme fan it eilân yn 'e [[Inûvialûktûn]]-taal).
 
===Godstsjinst===