Harich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2027344 (translate me)
fyftiger jierren ipf fytiger
Rigel 16:
'''Harich''' is in doarp yn de gemeente [[Gaasterlân-Sleat]], noardwest fan [[Balk]]. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).
 
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De mitsele toer yn de buorren is út de [[12e ieu]]. De tsjerke is fan [[1663]]. Boppe de doar fan it tsjerke sit in stien dy't ferwiist nei it ynstoarten fan'e tsjerke troch in stoarm yn [[1662]]. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. [[Johannes Scheltinga]]. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fytigerfyftiger en sechtiger jierren wie by it doarp in [[ambonezekamp]].
 
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei [[Wâldsein]]. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as ''Harg(h)'', ''Horch'', ''Haerych'' en ''Harig'', en is ôflaat fan it Germaanske ''Harag'', dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.