Middelsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Middelsee.png|right|thumb|300px|De Middelsee]]
De '''Middelsee ''', ek wol ''Bordine'' neamd, wie yn de [[Midsieuwen]] in seeearmseeëarm dy't de ôfskieding foarme tusken [[Westergoa]] en [[Eastergoa]]. De Middelsee kaam hast sa súdlik as [[Snits (stêd)|Snits]], dat begûn is op de [[himdyk]] fan de Middelsee. De seeearmseeëarm bestie út twa stikken. De wide mûning fan de [[Boarn]], dêr't it tij it frij hie, rûn op de hichte fan [[Raerd]] noardwerts oant foarby [[Ljouwert]].
 
Nei it westen bestie der fan Raerd ôf in ferbining mei it [[Fly]], foarby Snits en [[Boalsert]] fia de Marne. Doe't de Marne ôfdamme waard begûn de westlike kom ticht te slibjen wêrnei't dy by parten ynpoldere waard. [[Nijlân (doarp)|Nijlân]] wurdt al yn 1230 as doarp neamd. Koart foar [[1199]] hie [[Skearnegoutum]] noch bot te lijen fan de see. By dizzedy ramp moat gâns in delsetting weispield wêzen, dêr't de spoaren fan yn de Snitser Stedsfinne weromfûn waarden doe't dy bouryp makke waarden.
 
Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûnstienen, waarden de [[Nije lannen]] neamd. Njonken it doarp Nijlân binne der ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.
Rigel 10:
Tsjin de [[15e ieu]] wie de Middelsee net oars mear as in grutte trachterfoarm yn de [[Westerlauwersk Fryslân|Fryske]] noardkust. Fan de [[16e ieu]] ôf, is út it ynpolderjen fan dy trachter it Bilt woeksen, dat no hiel de mûning fan de Middelsee follet.
 
De namme '''Middelsee''' wurdt sûnt 1 desimber 2005 ek brûkt foar it [[Middelseeferbân]].
;Histoaryske nammen foar de Middelsee:
 
;== Histoaryske nammen foar de Middelsee: ==
''Bordaa'', ''Borndiep'', ''Boerdiep'', ''Bordena'' as ''Bordine''.
 
De namme '''Middelsee''' wurdt sûnt 1 desimber 2005 ek brûkt foar it [[Middelseeferbân]].
 
[[Kategory:Middelsee| ]]