Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 7:
== Libben ==
[[Ofbyld:140503 Wipstraat 6 (Gysbert Japicxhûs) Bolsward Fr NL.jpg|thumb|left|180px|It hjoeddeistige museum ''Gysbert Japicxhûs'' wie it bertehûs fan Gysbert Japiks.]]
Gysbert Japiks kaam út de foarname Boalserter boargerij as soan fan Jacob Gysberts. Syn heit wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de Latynske skoalle en learde ta skoalmaster. As sadanich waard er yn 1625 te Wytmarsum beneamd, yn 1637 begûn er as skoalmaster yn syn berteplak Boalsert.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>