Smithsonian Ynstitút: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 22:
Jiers ferwolkommet it ynstitút 30 miljoen besikers, dy't fergees tagong krije, mei't it ynstitút himsels ûnderhâldt mei it eigen fermogen, donaasjes fan priveepersoanen en út it bedriuwslibben, lidmaatskipskontribúsjes, oerheidsstipe en sûvenirferkeap. Teffens publisearret it Smithsonian twa eigen [[tydskrift]]en: ''[[Smithsonian (tydskrift)|Smithsonian]]'' en ''[[Air & Space]]''. De meast ferneamde ûnderdielen fan it Smithsonian binne it [[Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum (Feriene Steaten)|Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum]] (''National Museum of Natural History'') en it [[Nasjonaal Soölogysk Park (Feriene Steaten)|Nasjonaal Soölogysk Park]], better bekend as de ''National Zoo'' of de ''Smithsonian Zoo''. It bekendste foarwerp dat it Smithsonian op 'e noed hat, is de [[Hope-diamant]].
 
==List fan museä fanhearrend ta it Smithsonian==
[[File:Air and Space Planes.jpg|right|thumb|250px|[[Fleantúch|fleantugen]] tentoansteld yn it ''National Air and Space Museum''.]]
* ''Anacostia Community Museum'' (sûnt 1967, yn [[Anacostia]], [[Washington, D.C.]]): [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] kultuer