Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

L
(http://www.superslimthinbody.com/)
L (Werom sette fan ferzje 694377 fan Special:Contributions/175.2.46.64 (Meidogger_oerlis:175.2.46.64))
[[Ofbyld:Willem Lodewijk van Nassau 1560-1620.jpg|thumb|250px|right|Willem Loadewyk, greve fan Nassau, steedhâlder fan Fryslân en Grinslân]]
Bewurkje "Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg" - Wikipedy
'''Willem Loadewyk fan Nassau''', '''''Us Heit''''', ([[Dillenboarch]], [[13 maart]] [[1560]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[13 july]] [[1620]]) wie [[greve]] fan [[Nassau]] en [[steedhâlder]] fan [[Fryslân]] en [[Grinslân|Grins]]. Yn Fryslân stiet hy bekend ûnder de bynamme ''Us Heit''. Willem Loadewyk wie tagelyk kapitein-generaal fan it leger fan Fryslân en tegearre my prins [[Maurits fan Oranje]] oerbefelhawwer fan it Steatske Leger yn de striid tsjin de [[Spanje|Spanjerts]].
 
==Skiednis==
Willem Loadewyk is berne yn Dillenboarch as earste soan fan [[Jan de Alde|Jan fan Nassau]]. Hy wie dêrmei de omkesizzer fan [[Willem fan Oranje]]. Oant [[1577]] libbe er yn Dútslân; dat jier kaam er mei syn heit nei de Nederlannen. Yn [[1579]] waard er [[kolonel]] by it Nederlânske leger. Doe't [[George fan Lalaing|Rennenberch]] mei [[Grins (stêd)|Grins]] yn [[1580]] foar Spanje keas, folge Willem Loadewyk him yn [[1584]] op as steedhâlder fan earst [[Fryslân]] en letter ek [[Grinslân]], [[Drinte]] en [[Oerisel]], en fan 1580 oant [[1594]] focht er yn dêr tsjin Spanje.
 
Willem Loadewyk wie in herfoarmer, dy't net allinnich it leger better organisearre, mar ek de maatskippij beynfloede. Hy wie in wichtige faktor yn it hast algemien protestantsk wurden fan it gebiet ûnder syn bestjoer, en ta dat doel soarge er ek foar de stifting fan twa skoallen foar dûmnys, de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en de [[Universiteit fan Grins]].
 
Hy boaske op [[25 novimber]] [[1587]] mei de dochter fan Willem fan Oranje, [[Anna fan Nassau]], mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn [[1607]] greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, [[Georg fan Nassau-Dietz]]. Syn broer [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]] folge him op as steedhâlder fan Fryslân.
 
== Oermasterder fan Grins ==
Willem Loadewyk spile yn de jierren foar it [[Tolfjierrich Bestân]], yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]], tegearre mei syn neef en sweager [[Maurits fan Oranje|Maurits fan Nassau]] in wichtige rol. Troch harren waarden wichtige herfoarmingen yn it leger ynfierd. Hja soargen oan de iene kant derfoar dat de soldaten geregeldwei harren soldij krigen, dêr tsjinoer ferge sy as tsjinprestaasje uterste dissipline. Fierders wie Willem Loadewyk hiel bot foarstanner fan in oanfalskriich: ynstee fan de opstannige Nederlânske gebieten te beskermjen tsjin [[Spanje|Spaanske]] oanfallen, moasten de opstannelingen aktyf de Spaanske gebieten oanfalle. Dêrby brûkten hy en Maurits oarlogstechniken dy't ieuwen earder troch de Romeinen al brûkt waarden.
 
Greve Willem Loadewyk is fral bekend wurden om syn taktyk dy't ek wol de "Grinzer Skânsenkriich" neamd wurdt. Grins wie yn Spaanske hannen fallen troch it oerrinnen fan de greve fan [[George fan Lalaing|Rennenberch]] en it gewest Fryslân soe it folgjend doelwyt wurde. Nei inkele (mislearre) besikings yn 1583 en 1587 (de list fan [[Enumatil]]) dêr't hy Grins streekrjochts by op de Spanjerts û.l.f. kolonel Francisco Verdugo ferovere woe, sette hy 1589 syn plan útein om de [[hearwei|hearwegen]] nei de stêd stikje by stikje ôf te sluten, sadat it befoarriedzje nei Grins stopset waard. Yn 1589 waard de tagongswei langs it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]] ôfsletten troch it fersterkjen fan de sterkte "De Opslach". Twa jier letter waard de fortifikaasje by de Delfsilen fersterke en waarden der Steatske troepen legere. Yn 1592 waarden [[Stienwyk]] en [[Koevorden]] foarfêst troch de Steatsen ynnomd en fersterke. Lang om let waard op de lêste pas (dy't nei it Dútske Lingen) op de boeretange de festing [[Bourtange]] boud, dêr't alle hearwegen troch ôfsletten waarden. Fierders waarden û.o de skânsen [[Bellingwolde]]rsyl (it lettere [[Aldeskâns (Grins)|Aldeskâns]]), [[De Like (plak)|de Like]] en de Swartendyksterskâns boud om de keunstmjittich ferhege wegen troch de hege feansompen ûnder kontrôle te krijen. Ek waarden it hús te [[Ruinen]] en de boarcht te [[Wedde (Grins)|Wedde]] oermastere op de Spanjerts en fersterke.
Yn 1594 waard it doel fan de kriich yn it noarden berikt. Op [[23 july]] waard de stêd Grins, nei in belis fan dochs noch inkele wiken, op de Spanjerts ferovere en waard it Traktaat fan Reduksje tekene. De stêd Grins makke sûnt dy tiid wer part fan de Republyk út (1579) en Willem Loadewyk waard ek steedhâlder fan it nije gewest: Stad en Lande.
 
==Oar==
[[Ofbyld:Willem Lodewijk van Nassau-Dillenburg Bart van Hove Hofplein Leeuwarden.JPG|thumb|right|200px|Byld fan Willem Loadewyk op Hofplein, Ljouwert]]
As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op [[17 septimber]] [[1906]] in byld fan him ûnthuld op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] Hofplein. By de taspraak fan [[Lútsen Wagenaar]] wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://books.google.nl/books?id=BUgAQnmPbS0C&pg=PA14&lpg=PA14&dq=%22frederik+van+vervou%22&source=bl&ots=1y2Yns-eb9&sig=dzpbHUOD2orDVacEQ_wGEzD56fE&hl=nl&ei=-qOlSorFJYXt-Ab8mIzdDw&sa=X&oi=book_result&ct=result&resnum=9#v=onepage&q=%22frederik%20van%20vervou%22&f=false {{Aut|Ubbo Emmius}}, Willem Lodewijk, graaf van Nassau. Ut it Latyn oerset troch P. Schoonbeeg]
 
{{DEFAULTSORT:Nassau-Dillenburg, willem Loadewyk fan}}
[[Kategory:Frysk militêr]]
[[Kategory:Frysk steedhâlder]]
[[Kategory:Greve fan Nassau]]
[[Kategory:Hûs Nassau-Dillenburg]]
[[Kategory:Nederlânsk generaal]]
[[Kategory:Nederlânsk steedhâlder]]
[[Kategory:Persoan yn de Tachtichjierrige Oarloch]]