Monoteïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Monote"sme to Monoteïsme: trema wer
L red
Rigel 1:
It '''monoteismemonoteïsme''' is de foarm fan godstsjinst dêr’t mar ien god by erkend, en fereare, wurdt. De bekendste monoteistyske religys binne it [[Kristendom]], it [[Joadendom]] en de [[Islam]]. Monoteistyske religys kinne op twa manearen ûntstean: troch in stadige ûntwikkeling fan filosofyske skôging út [[polyteismepolyteïsme]], of as in hoopstrookse omkear troch in profetyske oprop ta it útslutende erkennen en tsjinjen fan ’e Iene God.
 
== Untstean troch filosofyske skôging ==
By in stadige ûntwikkeling giet [[polyteismepolyteïsme]], ''meargoaderij'', stadichoan oer yn monoteismemonoteïsme, op basis fan it religieus-filosofyske betinken dat alle goaden manifestaasjes of ferskillende aspekten binne fan ien heechste oergodheid. Dit kin op himsels in floeiende ûntwikling wêze, mar guon konsepten foarmje mûglike tuskenstadiums, lykas it [[henoteismehenoteïsme]], it leauwen oan in panteon mei in oergod, en [[monolatry]], it útslutende tsjinjen fan ien beskate god tusken oare goaden.
 
Dizze ûntwikling die him bygelyks foar yn [[Grikelân]] en it [[Midden-Easten]] yn ’e [[Hellenistyske Tiid]] (350-100 f.Kr.), dêr't ûnder oaren wiisgearen as [[Plato]] en [[Aristoteles]], de Grykske goadenwrâld monoteistysk beseagen. Tsjintwurdich nimt in part fan it [[Hindoeïsme]] sa'n selde posysje yn. Om't it in stadige ûntwikling is, kin it nei't de earste leauwenden ta dit ynsjoch komme noch lang duorje eart gâns de godstsjinst gâns monoteistysk wurdt. Sa is filosofyske skôging ornaris eat dêr’t mar in lyts part, de hegerein, fan in befolking tiid of begryp foar hawwe, sadat dit soarte fan monoteismemonoteïsme de legerein mûchlik nea berikt. En oarsom kin de ûntwikling nei in [[monisme|monistysk]] monoteismemonoteïsme, it leauwen yn ien ûndielbere god, him slim ûntwikkele wylst in oar part fan de leauwenden noch polyteistysk is.
 
== Untstean troch in profetyske oprop ==
Dêr't in godstsjinstferoaring it gefolch is fan in profetyske oprop is it makliker foar polyteisten om as de oanhingers fan de profeet harren âlde goaden falle te litten en daalks ta in monistysk monoteismemonoteïsme te kommen. Lykwols is ek dizze omkear net absoluet. De measte profeten yn in polyteistyske wrâld roppe ynearsten allinnich op ta monolatry; it monoteismemonoteïsme komt letter. En oarsom, iepenet filosofyske skôging ek fan it monistysk monoteismemonoteïsme út de wei nei in god mei ferskate aspekten.
 
Profetysk-ûntstean monistysk monoteismemonoteïsme komt hjoed de dei fierwei it meast foar, en it foarmet de basis fan it Joadendom, it Kristendom, de Islam, it [[Sikisme]], it [[Bahaïsme]], guon Hindoeïstyske sekten en in tal lytsere godstsjinsten. Ek yn dizze godstjinsten is it in religieuze boppelaach dy't fêsthâldt oan de strange foarm fan monoteismemonoteïsme, en alwat dêr net yn past ôfwiist. Dochs komt it ek by dizze godstsjinsten foar dat de god mear-ienich is, dat der ôfspegelings fan de god erkend wurde, of dat hilligen ferearre wurde.
 
== It earste monoteismemonoteïsme ==
It âldst-bekende monoteismemonoteïsme ûntjoech him mûchlik min of mear op beide manearen, nammentlik troch de filosofyske skôging fan ien man, dy’t dêrnei syn ideeën oan syn ûnderdienen oplei, eat dat foar harren grif in hoopstrookske omkear west hat.
[[Ofbyld:Aten disk.jpg|300px|thumb|Farao [[Achenaton]] en húshâlding yn'e sinnestrielen fan Aton, twadde fan lofts is [[Tutankamon]], soan fan Achenaton.]]
 
Dit wie de [[Amarna-tiid]] yn it âlde [[Egypte]]. ''Amenhotep IV'', in farao út ’e [[Achttjinde Dynasty]] dy’t regearre fan 1364 oant 1347 f.Kr., helle ien god út it Egyptyske panteon en foarme dêr in monoteistyske kultus om hinne. Dy god wie [[Aton]], de ferpersoanliking fan ’e sinneskiif en oant it begjin fan ’e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan ’e sinnegod [[Amon-Ra]]. Amenhotep (dat eat betsjut as “Amon is tefreden”) feroare syn namme ta [[Achnaton]] (“Dy’t Aton behaget”) en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan [[Tebe]] nei it nij-boude [[Achetaton]] (“Ljochtlân fan Aton”), de hjoeddeiske ruïnestêd [[Tell el-Amarna]]. Yn it earst ferkundige er in henoteistysk leauwen yn Aton, mar al gau gong er oer op it beliden fan in monoteistyske godstjinst.
 
It is net alhiel dúdlik hoefier de Egyptenaren yn dy tiid echt monoteistysk waarden. Foar de elite om ’e farao hinne sil it leauwen faaks mear yn ’e rjochting fan in monolatrysk polyteismepolyteïsme gongen wêze en foar it gewoane folk wie it nei alle gedachten in henoteistysk polyteismepolyteïsme. Hoe dat ek wie, nei de dea fan Achnaton, en syn opfolger [[Smenkare]], waarden syn herfoarmings rigoereus weromdraaid. Tebe waard wer de haadstêd, syn soan ''Tutankaton'' waard [[Tutankamon]] en by dy syn dea wie Egypte al drok dwaande alle oanwizings oer it bestean fan Achnaton wei te heljen. As [[ketter]] beskôge waard syn namme weikrast út ynskripsjes, en op offisjele keningslisten kaam er net mear foar.
 
De Amarna-tiid leit likernôch in ieu foar de tiid dy't no oanwiisd wurdt foar it begjin fan it boek [[Eksodus]], doe't neffens de [[Bibel]] [[Moazes]], dy't opgroeide oan it hof fan de Farao, lieder waard fan in groep Monoteisten. De ein fan [[Genesis]] falt fansels noch earder. Der is dêrom wol tocht oan in ferbân tusken de Aton-godstsjinst en de Abraham-godstsjinsten. Der binne lykwols gjin gegevens genôch om hjir mear oer sizze te kinnen.
 
== Relaasje tusken god en minsken yn it monoteismemonoteïsme ==
It monoteismemonoteïsme, alteast as it monistysk is, hat gjin [[holisme|holistysk]] wrâldbyld, sa’t polyteistyske religys dat ornaris al hawwe. Yn it bysûnder giet it der net fan út dat God út fûneminteel deselde matearje bestiet as de minsken. Sadwaande bout it logysk al gau safolle mear romte yn tusken God en de minske, dat der in ûnoerbrêchbere kleau ûntstiet.
 
== Relaasjes tusken monoteistyske en oare religys ==
MonoteismeMonoteïsme wurdt gauris sjoen as in yntolerante foarm fan godstsjinst. Ommers, as der mar ien god is, dan moat dat wol betsjutte dat alle oare goaden - dy’t dêrom “ôfgoaden” neamd wurde - ûntkend wurde moatte. Dêr soe dan út folgje dat oare godstsjinsten te fjoer en te swurd bestriden wurde moatte. De hillige boeken fan de grutte monoteistyske godstsjinsten sizze lykwols dat oarsljeauwenden akseptearre wurde moatte. It spoar fan bloed dat it leauwen troch de skiednis lûkt komt dêrmei net fuort út it leauwen sels, mar út de leauwenden. Faaks is it makliker om monoteisten, of harren organisearre tsjerke, as in party te sjen, dy't it tsjin oare partyen opnimme kin of moat.
 
== Fûnemintalisme ==
Dy kulturele konsekwinsje fan it monoteismemonoteïsme is faaks mei de oarsaak fan de opkomst yn ’e lêste twahûndert jier fan it [[fûnemintalisme]], in streaming dy’t yn alle grutte monoteistyske religys foarkomt mar dêrbûten folle minder. Dizze streaming stiet it weromkearen nei de fûneminten fan ’e oangeande religy foar. Dat stribjen is feitlikens in beweging wei fan it monoteismemonoteïsme, omdat dêrby net mear God sintraal stiet, mar fergodlike tinkbylden, lykas by it [[Joadsk fûnemintalisme]] it [[Hillige Lân]], by it [[Kristlik fûnemintalisme]] de [[Bibel]] en “gesinswearden”, by it [[Islamitysk fûnemintalisme]] de histoaryske [[Islam]] of by [[Sik-fûnemintalisme]] de [[Gouden Timpel fan Amritsar]].
 
== It feroarjende godsbyld ==
It fûnemintalistyske stribjen nei in byld fan in eardere foarm fan de religy is mûchlik om't ek by monoteismemonoteïsme net altyd presys deselde god fereare wurdt. De minsklike religy en godsfoarstelling binne krekt as alle oare minsklike tinkbylden bleatsteld oan ’e ynfloed fan plak en tiid. De iere kristenen, bygelyks, sille in hiel oare godsfoarstelling hân hawwe as de kristenen fan hjoed de dei, allinne al om’t foar minsken fan dy tiid de minsklike wrâld beheind wie ta de ierde; foar harren moat it folslein ûnfoarstelber west hawwe dat der ea [[astronaut]]en op ’e [[Moanne (himellichem)|Moanne]] omkuierje soenen.
 
Troch de feroarings fan godsbyld binne de hiele skiednis troch godsfoarstellings dy't ferâldere wienen, of dy’t om oare redenen net mear foldienen, op in soms tige rigoereuze wize ôftanke om ferfongen te wurden troch in oan plak en tiid oanpaste [[teology]]. It gefolch dêrfan is fansels dat it godsbegryp ek by monoteistyske religyen in grut ferskaat oan betsjuttings omfettet, dêr’t faak ûnderskate fan yn deselde tiid njonken inoar foarkomme en dêr’t sommigen fan inoar tsjinsprekke of sels útslute. Sa stiet ek in fûnemintalistyske godsbegryp, wat in byld is fan wat de hjoeddeiske leauwenden as it oarspronklike godsbyld beskôgje, njonken mear oan de hjoeddeiske tiid oanpaste godsbylden.
 
It is lykwols net sa dat it fûnemintalisme it earste konflikt is ûntstean troch feroarjende monoteistysken godsbylden. It is al sa dat monoteisten, útgeande fan it idee dat elts godsbyld mar provisoarysk is, meast gjin muoite hân hawwe mei ûnopfallende feroarings fan it godsbegryp troch de tiid, Mar as feroarings laten ta regionale ferskillen, of op oare wize dúdlik sichtber wienen, waarden hiele mienskippen ta [[ketter]]s ferklearre en in guon gefallen ferneatige. Ek hjir liket de organisaasje en de ienheid fan de monoteistyske godstjinsten gefolgen te hawwen dy't harren yn it polyteismepolyteïsme minder foardogge.
 
== Sjoch ek ==
* [[Dualisme]]
* [[Non-teismeteïsme]]
* [[Oarsprong fan religy by de minske]]
* [[PolyteismePolyteïsme]]
* [[Spiltiid]]