Petrus Jacobus Joubert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Petrus Jacobus (Piet) Joubert''' (Oudtshoorn, 20 jannewaris 1834Pretoria, 28 maart 1900) wie opperbefelhawwer fan it leger fan de Sú...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 jul 2014 om 20.59

Petrus Jacobus (Piet) Joubert (Oudtshoorn, 20 jannewaris 1834Pretoria, 28 maart 1900) wie opperbefelhawwer fan it leger fan de Súdafrikaanske Republyk fan 1880 oant 1900. As politikus tsjinne hy as fisepresidint fan de republyk ûnder syn rivaal Paul Kruger.

Persoanlik libben

Joubert waard berne yn Cango, yn it distrikt Oudtshoorn, kaapkoloanje. Hy wie in ôfstammeling fan de Frânske hugenoaten dy’t nei Súd-Afrika flecht binne nei it ynlûken fan it Edikt fan Nantes troch Loadewyk XIV. Joubert âldens ferstoaren al op jonge leeftyd. Hy gie al jong nei Transfaal. Hy sette der in sukselsfol boerespul op en hy starte mei in stúdzje rjochten.

Polityk

Yn de jierren ’60 waard hy keazen as lid fan de folksrie Súd-Afrika om Wakkerstroom te fertsjint wurgjen. Doedetiid wie Marthinus Wessel Pretorius dwaande my syn twadde termyn as presidint. Yn 1870 waard Joubert opnij ferkeazen en omdat hy in soad kennis hie fan rjochten waar hy beneamd ta steatsprokureur fan de republyk. Yn 1875 mocht hy presidint Thomas Francois Burgers ferfange wylst dy yn Europa wie.

Earste Britse anneksaasje fan de Transfaal

Yn de tiid fan de Britske anneksaasje fan de Transfaal hat Joubert de reputaasje krigen as in man dy’t net om lyk woe. Yn tsjinstelling ta Paul kruger wegere hy in regearspost op te pakken. Yn stee fan dizze lukrative baantsjes sette hy oan ta ferset tsjin de Britske ûnderdrukkers. Dit liede ta de kriich fan 1880-1881 dy’t it begjin wie fan de nije ûnôfhinklikheid fan de transfaal. Duorjende dizze Earste Boerenkriich kommandearre hy de boerentroepen by Laingsnek, Ingogo en Majuba. Ek die hy mei oan de earste ûnderhannelingen tusken de Boer en de Brit. Hy waard opperbefelhawwer en bestjoer de provisoaryske regearing festige yn Heidelberg.


Lettere politike karriêre

Yn 1883 stelde hy him kandidaat om presidint te wurden fan de Transfaal, mar hy krige 1171 stimmen tsjin de 3431 stimmen foar Kruger. De rest fan syn politike karriêre tsjinne hy Kruger. Yn 1893 besocht hy it opnij; dizze kear as fertsjinstwurger fan it relatyf progressieve part fan de Boeren. Dizze groep woe mear rjochten foar de útlanners, dy’t de mearderheid foarmen yn Johannesburd en de Witwatersrand. Dizze ferkiezingen waarden mar krekt wûn troch Kruger. Der wurdt sein dat Kruger de útslach manipulearre hat. Nei in formeel protest akseptearre Joubert Krugers presidintskip. Hy besocht it opnij yn 1898 mar ferlear dizze kear flink. Troch de Jameson Raid wie syn posysje min, hy waard beskuldige fan feriet en sympaty foar de útlanners.

Twadde Boerekriich

Yn de oanrin nei de Twadde Boerenkriich kocht Joubert grutte foarrieden gewearen en munysje. Hy hie in lyts oandiel yn de ûnderhannelingen dy’t resultearre yn it ultimatum dat yn 1899 troch Kruger nei Grut Britanje stjoerd waard.

Nei it útbrekken fan de kriich waard hy opperbefelhawwer, mar hy joech dit al fluch op. Ûnfermogen en apaty soargje hjirfoar. Syn foarsichtige natuer liede der ta dat syn kriichshannelingen mei nammen definsyf wienen. Hy waard ek wol “slim Piet” neamd. De offinsive bewegingen fan de boerentroepen waarden betocht troch jongere befelhawwers.

Dea

Joubert ferstoar oan búkfliesûntstekking yn Pretoria. Hy waard twa dagen foar syn dea noch sjoen. Hy waard begroeven by syn buorkerij yn Rustfontein. Kruger hat wat sein op syn begraffenis. Syn militêre tsjinstanner Frederich Sleigh Roberts hat syn respekt jûn troch in kondelansje telegram te stjoeren.

De stêd Pietersburg (no Polokwane) yn it noarden fan Súd-Afrika wie nei him ferneamd.